De Graafschap: miskien tegearre mei Cambuur nei de rjochter

28 apr 2020 - 06:51

Mooglik stappe Sportklup Cambuur en De Graafschap tegearre nei de rjochter om it beslút fan de KNVB, om beide klups net promovearje te litten nei de earedifyzje, oan te fjochtsjen. Dat meldt de fuotbalklup út Doetinchem, dy't him advisearje lit troch in advokaat.

Petysje foar promoasje fan Cambuur en De Graafschap - Foto: Omrop Fryslân

De Graafschap lit witte dat der meardere opsjes ûndersocht wurde, mar dat se noch neat sizze oer de ynhâldlike stappen dy't se mooglik nimme sille. Ofrûne freed liet Cambuur al witte dat juridyske stappen oerwage wurde. Cambuur nimt dêr tiisdei in beslút oer.

De Ljouwerter fuotbalklup stie boppe-oan yn de earste difyzje en De Graafschap wie de nûmer twa doe't it coronafirus in ein makke oan it seizoen.

(advertinsje)
(advertinsje)