Binnenstêdmanager wol grut terrasseplein yn Ljouwerter binnenstêd

28 apr 2020 - 06:25

De hoareka yn de Ljouwerter binnenstêd moat gruttere terrassen krije, sadat se op ferantwurde wize - mei oardel meter tuskenromte - likefolle gasten ûntfange kinne as op de romte dy't se no hawwe. Dêrfoar pleitet binnenstêdmanager Hayo Galema.

Galema sjocht wol mooglikheden foar gruttere terrassen op it Gouverneursplein, it Waachplein en it Saailân. "It giet my derom dat de hoareka wer wat fertsjinje kin, sadat der net mear bedriuwen kapot gean as nedich", seit Galema.

Gouverneursplein as terrasseplein

It Gouverneursplein soe omfoarme wurde kinne ta in echt terrasseplein, op betingst dat it autoferkear yn dit diel fan de binnenstêd fierder beheind wurdt. "Hjir komme in soad auto's dy't allinnich in rûntsje om ús Heit ride. Dat hat gjin inkeld doel. Dan kinne je better de ûndernimmers en de terrassen wat mear romte jaan", seit Galema.

Binnenstêdbewenner Ad Fahner is it folslein mei Galema iens. "Fan de terrassen hewwe we gyn last, fan auto's dy fluch heen en weer ride wel. Ik sêch: slút de straat maar af foar ferkear dat hier niet weze mut."

Op it Gouverneursplein wol Galema graach 'mear terras en minder auto's' - Foto: Omrop Fryslân

Plannen wat rapper útfiere

Yn oerlis mei ûndernimmers en gemeentebestjoer is Galema al úteinset mei in ynventarisaasje fan plakken dêr't de terrassen wol wat rommer kinne. De gemeente Ljouwert hat al witte litten dat se yn prinsipe iepen steane foar it idee, mar kin pas ynhâldlik reagearje as der in konkreet foarstel leit. "It beheinen fan it autoferkear op Iewâl en Gouverneursplein stiet al yn it kolleezjeprogramma. It iennichste dat we no freegje is om dat wat flugger te dwaan", sa seit Galema.

Op it Waachplein is ek wol romte foar in grutter terras - Foto: Omrop Fryslân

Undernimmer Hedzer Pekel fan kafee De Toeter oan it Gouverneursplein neamt it plan fan Galema 'sympatyk'. "Minder auto's en mear terras, wa wol dat no net?", seit de kafee-eigener.

Tagelyk sjocht Pekel ek noch wol wat praktyske problemen by it ynrjochtsjen fan terrassen mei oardel meter tuskenromte. Hy hâldt rekken mei in soad klandysje as de terrassen wer iepen geane. "Betsjinje oan tafel sit der net yn. Dat betsjut dat de gasten de drankjes ophelje moatte. En as minsken in bekende treffe, hoe moat ik der dan foar soargje dat se op oardel meter ôfstân fan in oar bliuwe? Ik bin hoarekaman, gjin plysje."

Binnenstêdmanager Hayo Galema

(advertinsje)
(advertinsje)