Liveblog | 28 april 2020

Coronanijs fan 28 april: Lanlik tal ic-pasjinten sakket, Fryslân wol stim hawwe yn ferdieling needhelp kultuer

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 29 april 2020, 06:31
tiisdei 28 april 2020
22:55

Ein fan dit liveblog

Moarn is der wer in liveblog.
20:39

Bleate dokters freegje om mear beskermjende klean

Dútske húsdokters fiere aksje om mear beskermjende klean te krijen. Se binne in petysje begûn en stean bleat op de foto. It blêd Medisch Contact hat dêr in artikel oer skreaun. De aksje is inte op in soartegelikense aksje fan in Frânske dokter.
© www.blankebedenken.org
20:08

"Mûlkapkes foarearst net beskikber foar kontaktberoppen"

Der binne foarearst gjin mûlkapkes beskikber foar kappers en oare kontaktberoppen, meldt de NOS. De wurden komme fan minister Van Rijn fan Folkssûnens. Hy sei dat by de oanbieding fan mûlkapkes makke troch trije Nederlânske bedriuwen. Auping, DSM en Afpro Filters sille in miljoen medyske mûlkapkes wyks meitsje. De measte mûlkapkes komme út Sina. Van Rijn:" Gelukkig hebben we een luchtbrug met Azië zodat we een vaste aanvoer hebben, maar tegelijkertijd heb je altijd leveringsonzekerheid."
19:38

Bringt corona ús tichter byinoar of krije wy rûzje mei de buorlju?

De coronacrisis soe ús tichter by ús buorlju bringe, skriuwe guon media. Mar, fregen wy ús ôf... krijst yn dizze tiid just net flugger lijen mei de buorlju? Ferslachjouwer Willem de Vries is by buertbemiddeler Jetske Leijenaar yn Balk om antwurd te krijen op dy fraach.
Ferslachjouwer Willem de Vries is by buertbemiddeler Jetske Leijenaar yn Balk
18:43

Fideodeiboek buertsoarch: "We hebben iemand die we in een verpleeghuis gaan plaatsen"

Foar demintearjende âlderein hat de coronakrisis in soad ympakt, fertelt Zoë Luchtmeijer fan buertsoarch Wolvegea yn har vlog. Dy groep âlderein hat struktuer en regelmaat nedich, mar troch it ferfallen fan bygelyks mantelsoarch en deibesteding is dy struktuer fuort. En dat hat gefolgen.
Zoë Luchtmeijer
18:01

"Noch gjin ferromming, ek net foar kappers"

Der komt foarearst gjin ferromming fan de coronamaatregels, ek net foar kontaktberoppen lykas kappers. Dat meldt de NOS. In diel dan de Twadde Keamer trune der ferline wike op oan dat de kontaktberoppen mei beskerming wer gau oan it wurk kinne moatte. Boarnen om it kabinet hinne melde dat dat der noch net yn sit. De meast belutsen minister binne komme woansdei wer byinoar, neffens de boarnen. Der is gjin parsekonferinsje oankundige.