Massale plysje-ynset by fjochtpartij yn azc Drachten

27 apr 2020 - 22:21

Yn it asylsikerssintrum fan Drachten hat moandeitejûn in fjochtpartij tusken twa groepen west, dêr't mear as fyftjin plysje-ienheden op ôfkaam binne. "De vechtpartij is waarschijnlijk ontstaan na een incident eerder op de dag", seit plysjewurdfierder Ingrid Coenen. "Wat dat precies was, kan ik nu niet vertellen."

Foto: De Vries Media

De fjochtsjende minsken binne troch de plysje útelkoar helle en der soene ek oanhâldingen dien wêze. Dêr koe de plysje ek neat oer sizze. Coenen: "We zijn met vele eenheden naar het azc gekomen vanwege meerdere redenen: de melding eerder op de dag, dat het twee vechtende groepen waren én de grimmige sfeer. De agenten zijn inmiddels camerabeelden aan het bekijken en zijn daarnaast met getuigen in gesprek."

Trefwurden: 
Drachten fjochtpartij AZC
(advertinsje)
(advertinsje)