It oranjegefoel yn tiden fan corona, hoe fielt dat?

27 apr 2020 - 21:15

It is allegear oars as oars. Dat is it al skoften, mar mei Keningsdei wurdt it wol echt pynlik dúdlik. Gjin feest yn 'e stêd, mar thús oan de tompoezen, sjoele yn 'e achtertún en in kening dy't op syn 53ste jierdei thús, mei syn trije dochters en frou, foar de trep syn taspraak hâldt. It is even wennen. Oan kenner fan it Keninklik Hûs Bearn Bilker en fuotbaltrainer Foppe de Haan de fraach hoe't it no mei it oranjegefoel sit.

Foto: ANP

Bearn Bilker seach moandeitemoarn nei de taspraak fan kening Willem-Alexander. "Dat wie ek fuortendaliks it sterke punt, ik waard ôflieden troch de moaie froulju. Ik seach dat kroanprinses Amalia hiel bot fan it bledsje fan har heit meilies en sa no en dan mei knikte dat se it der hiel bot mei iens wie. Letter haw ik de taspraak mar ris neilêzen. De kening hie sels gjin moaie strik om, dat fûn ik spitich."

Bilker is hiel posityf oer kening Willem-Alexander. "Hy is echt de 'vader des vaderlands', hy bemoediget. Dat docht er net allinnich, syn frou fansels ek. En dat docht hy hiel goed yn dizze coronakrisis. Hy is ûntspannen en ik fyn dat er it sawiesa goed docht."

De kleur oranje

Bilker seit dat it unyk is dat de namme fan de keninklike famylje in kleur is. "Dus dy kleur kinne wy perfekt brûke, foar alles, foar sport. En it is de symbolyk fan ús lân dat we byinoar hearre." Bilker fertelt dat de flagge fan Nederlân der earst ek oars útseach. Dy wie by de Unie van Utrecht yn 1579 offisjeel oannommen as oranje, wyt, blau. De flagge sa't we dy no kenne - read, wyt, blau - is yn 1937 by Keninklik Beslút de offisjele flagge fan it Nederlânske Keninkryk. De oranje wimpel makket it ôf by spesjale keninklike gelegenheden.

Bearn Bilker - Foto: Omrop Fryslân

Sels hat Bilker neat mei de kleur oranje. "Ik fyn oranje persoanlik in hiel lilke kleur, dêr kin ik neat oan dwaan. Mar de kleur hat fansels alles mei de sinesapel te krijen, orange yn it Frânsk. Dy stêd waard Orange neamd fanwegen de eksport fan sinesapels. Op dat plak kamen de sinesapels terjochte en waarden se fierder ferfierd. Orange wie in graafskip, dat letter yn hannen kaam fan de famylje Nassau troch erfskip. En sa is dy namme yn de famylje kaam."

Hoe fielt it oranjegefoel?

Hoe't dy kleur dan fielt, dêr kin fuotbaltrainer Foppe de Haan miskien it bêste oer fertelle. Hy jout wol fuort ta dat er moandeitemoarn net nei de taspraak sjoen hat. "Ik haw lekker yn 'e tún wurke en dêrnei te farren west en doe seach ik wol in hiel soad flaggen."

Foto: www.orangepictures.nl

Mar wat docht it mei De Haan as er in oranje massa fan Nederlânske fuotbalsupporters sjocht? "Mei de froulju wie de earste wedstriid yn Utrecht en doe rieden we mei de bus derhinne. We kamen troch in enoarme rige mei oranje flaggen en oranje minsken dy't al oan it joecheien wiene foardat it fuotbal begûn wie. Ik moat sizze, dat docht je wol wat. Je fiele dat je stipe wurde, dat minsken der nei útsjogge. Dat fûn ik wol hiel moai."

Dat oranje kin neffens De Haan ek syn útwurking ha op de tsjinstanner. "As it stadion achter je stiet en it is foar trijekwart oranje, ja, dat is wol yntimidearjend. En dejinge dy't oan de goede kant stiet, hat it gefoel derby dat er de tolfde man yn it stadion krijt. Dat wurket absolút."

Keningshûskenner Bearn Bilker en fuotbaltrainer Foppe de Haan oer it oranjegefoel

(advertinsje)
(advertinsje)