Fryslân fan Boppen: hjir fljocht de drone tiisdei del

Twa wiken lang fleane op wurkdagen drones boppe de provinsje om Friezen in hert ûnder de riem te stekken. Tiisdei is alwer de lêste dei dat se fleane. It projekt Fryslân fan Boppen is betocht troch de Fryske boargemasters en LF2028. Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant stjoere de bylden út. Besjoch hjir de fleanrûte fan tiisdei. Minsken kinne sjen wêr't de drone fljocht op basis fan dizze GPS-tracker fan Snakeware.
© Omrop Fryslân
Foar tiisdei liket it waar miskien spulbrekker te wurden. Der wurde swiere reinbuien ferwachte en dan kinne de drones fan Fryslân fan Boppen net de loft yn. Tiisdeitemoarn om 07.00 oere nimt de organisaasje it beslút oft der al of net flein wurdt. Hâld Omrop Fryslân radio en de berjochtjouwing op de Omrop webside, app en sosjale media yn de gaten!
Yn dizze bysûndere en spannende tiden dy't in soad oanpassingen freegje fan eltsenien, wolle de boargemasters fan ús provinsje de Friezen in hert ûnder de riem stekke. Alle wurkdagen ha drones in rûte oer ús provinsje flein, om alle betsjûgingen fan stipe yn byld te bringen dy't ynwenners, bedriuwen en oare organisaasjes út de eigen tún sjen litte kinne.

Marrerûte

Tiisdei 28 april fleane wy de Marrerûte. Wy fleane yn twa teams, dy't beide in part fan de route filmje tusken 09:00 en 13:00 oere.
Team ien fljocht fan Grou, Akkrum, Terherne, Goaiïngaryp nei Langwar. Team twa giet fan Heech, De Gaastmar, Aldegea (SWF), Blauhús nei Makkum.
Elkenien dy't in aksje ûnderweis opset, kin dy oanmelde fia dit formulier. Wy kinne net garandearje dat elkenien yn byld komt, der sil in kar makke wurde moatte fanwegen de beskikbere tiid. Mooglike ûnferwachte omstannichheden meitsje dat minsken (yn de doarpen) oan de rûte rekken hâlde moatte mei in healoere romte, sawol earder as letter.
Let op: de plysje freget om ek by tariedingen op Fryslân fan Boppen de oardel meter en oare rjochtlinen fan it RIVM goed yn 'e gaten te hâlden!
'Fryslân fan Boppen' is in projekt fan LF2028, de Fryske gemeenten, Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant. Op woansdei 15 april, de dei dat 75 jier befrijing fan Fryslân fierd waard, binne de droneteams begûn. De opnamen binne in dei letter op telefyzje en op ynternet te sjen.
Fryslân fan Boppen is in (wurk-)dei letter te sjen op telefyzje (ûnder it programma De Middei fan Fryslân) tusken 14.00 en 16.00 oere. Jûns om 21.30 oere is der in kompilaasje op telefyzje en op omropfryslan.nl/fryslanfanboppen.