FIDEO: Keningsdei yn coronatiid, hoe sjocht dat der yn Fryslân út?

27 apr 2020 - 18:39

It wie in histoaryske Keningsdei. Fanwegen it coronafirus wie de dei omdoopt ta Wenningsdei. Rûnom yn Fryslân waard besocht dêr op paste wize foarm oan te jaan. Yn Harns begûn dat betiid mei in tradisjonele aubade op it stedhûs. De ynwenners fan Eksmoarre krigen tompoezen fan de pleatslike Oranjeferiening en it lokale kafee fan Lúnbert kaam mei in Keningsdeispultsjes drive-through.

(advertinsje)
(advertinsje)