Bruorren Anker: "De KNVB-proseduere wie technysk sjoen tige amateuristysk"

27 apr 2020 - 16:52

Foar dizze wike soene we de namme SportCast ek ynruilje kinne foar de RjochtCast, want it ferieningsrjocht is it wichtichste ûnderwerp yn de nije edysje. Hoefolle kâns makket SC Cambuur as it nei de rjochter stapt, om't de klup it net iens is mei it KNVB-beslút oer promoasje en degradaasje. It antwurd komt fan de advokatebruorren Hans en Wim Anker, dy't te gast binne yn de nije SportCast. Dêryn fertellen se ek dat se oer oardel jier, yn jannewaris 2022, ophâlde as advokaat.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, fia Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle foargeande SportCasts werom te harkjen.

'Cambuur moat absolút nei de rjochter'

Se binne spesjalisearre yn strafrjocht, mar Hans en Wim Anker hawwe harren ek ynlêzen yn it ferieningsrjocht. Dat is mei reden, want se fine dat Cambuur bot dupearre is troch it fuotbalbûn. "It giet ús bysûnder oan it hert, want je binne jurist en fuotballeafhawwer. Alles ôfwaagjend fine we dat Cambuur seker de rûte nei de koartpleitrjochter nimme moat. We fine dat de reedlikens en de billikens skeind binne."

Dy lêste twa termen, reedlikens en billikens, binne wichtich yn it rjocht. Wat sjogge de Ankers noch mear yn hoe't de KNVB it dien hat? "De prosedure is rommelich, fierstente hastich, ûnsoarchfâldich en technysk sjoen tige amateuristysk. It wichtichste fine Hans en ik dat der gjin transparânsje west hat. Misliedende en minne ynformaasje fan in keninklijke fuotbalferiening. Dêroer bin ik lilk", sa seit Wim yn de SportCast. "De ûnreedlikens spat derôf."

Foto: Omrop Fryslân

Hearrenfean-alvetal fan de iuw

Echte klupminsken fan SC Hearrenfean freegje we yn de SportCast nei in spiler dy't neffens har of him thúsheart yn it 'alvetal fan de iuw'. Dat is om't SC Hearrenfean dit jier hûndert jier bestiet. Fan de alve plakken binne der al twa fersein, fansels ien oan Abe Lenstra. De oar is Paul Bosvelt en deryn set troch Gertjan Verbeek. Wim en Hans Anker kieze der foar om Rodion Camataru yn it team te setten. "Hy hat trije seizoenen by Hearrenfean spile. Hy hie in enorme bân mei it publyk. We ha ek fenomenale fuotballers hân, dy't dat net hiene. 'Cammy' hie dat wol."

"Hy hat yn '93 in eigen ôfskiedswedstriid hân, doe krige er in bus fan it jild dat ynsammele is. Dy hat er meinaam nei Roemenië. Yn de kantine hawwe Hans en ik, nei trije of fjouwer bearenburchjes, in nûmer foar him songen yn it Roemeensk", fertelt Wim Anker.

Foto: Omrop Fryslân

SportCast

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast alle moandeis by oer al it sportnijs, mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.

(advertinsje)
(advertinsje)