Bruorren Anker hâlde op mei advokatuer

27 apr 2020 - 15:44

It advokateduo Anker en Anker hâldt dermei op. De twallingbruorren Hans en Wim Anker sette ein takom jier in punt efter har karriêre, se binne dan 69 jier. Dat litte se moandei falle yn de Sportcast fan Omrop Fryslân, dêr't de Ankers prate oer de juridyske kânsen foar SC Cambuur om te prosedearjen tsjin de proseduere fan de KNVB.

Anker en Anker binne lanlik ferneamd yn de strafrjochtadvokatuer. Hans is sûnt 1979 advokaat, Wim sûnt 1981. Sûnt 1991 ha se in advokatekantoar, dat stiet oan de Ossekop yn Ljouwert. It kantoar bliuwt wol bestean, seit Tjalling van der Goot op Twitter. Hy sit ek by it kantoar. "We ha acht advokaten, allegear spesjalisearre yn strafrjocht", seit er.

Se stiene ûnder oare de moardner fan Gerrit-Jan Heijn, Ferdi E., en de haadfertochte yn de grutte Amsterdamske sedesaak, Robert M., juridysk by. Ek ferdigenen se de fjouwer beleagers fan Meindert Tjoelker.

Wim en Hans Anker - Foto: ANP

De Ankers steane bekend as fanatyk supporter fan Sportklup Hearrenfean. Se jouwe priveeredenen op as belangrykste oanlieding om op te hâlden mei it wurk.

(advertinsje)
(advertinsje)