Fryske 50PLUS ferromme troch it ôfskied fan foarsitter Dales

27 apr 2020 - 15:35

De Fryske ôfdieling fan 50PLUS is optein dat foarsitter Geert Dales syn ôfskied oankundige hat. Dat die Dales snein yn it politike tv-programma Buitenhof. Ferskate provinsjale partijfoarsitters, wêrûnder Willem Terpstra fan Fryslân, litte yn in brief oan Dales no witte dat se net langer troch it demisjonêr partijbestjoer laat wurde wolle.

Foto: ANP

Yn in iepen brief oan Dales skriuwe se dat se in interim management team opsette wolle dat ferantwurdlik is foar it deistich bestjoer. Dat team moat der ek foar soargje dat der wer in folslein haadbestjoer komt. De provinsjale partijfoarsitters freegje Dales om binnen in dei útslutsel te jaan.

"Dat is nog niet gebeurd", seit provinsjaal foarsitter Willem Terpstra. Dales kaam ûnder fjoer te lizzen doe't ferskate promininte partijleden harren fertrouwen de ôfrûne wiken opseinen yn Dales. Ek yn de Twadde Keamer wie der krityk op it taalgebrûk en ûndemokratysk hanneljen fan de partijfoarsitter. Hoe't de provinsjale partijfoarsitters de krekte ynfolling fan in interim management team foar har sjogge is noch net hielendal dúdlik. "Maar wij zien liever dat wij zelf invulling gaan geven aan de nieuwe richting van 50PLUS, dan dat Dales en de andere twee bestuursleden die overdracht gaan verzorgen."

Unhâldbere situaasje

"De situaasje en gearwurking mei Geert Dales wie al langer ûnhâldber", seit Theun Wiersma, lid fan Provinsjale Steaten foar 50PLUS. "Oeral dêr't hy kaam krigen minsken spul mei him. Hy waard twa jier lyn oanhelle om de boel by 50PLUS op streek te krijen. Hy moast ferbine en fermoedsoenje, mar it iennichste dat der barde is dat der minsken by de partij weirûnen om't se net mei Dales troch ien doar koenen", leit Wiersma út.

Dat se it ôfskied fan harren foarsitter en ek de twa oerbleaune bestjoersleden fia Buitenhof hearre moasten, fynt Wiersma opmerklik. "It is fansels in goed besjoen programma, benammen ûnder de politike elite, mar at je sizze dat je al tsien dagen witte dat je mei dit beslút omstappe, wêrom litte je it dan net earst oan je achterban witte. Wy hienen dit net oankommen sjoen." Wat Wiersma ek spitich fynt is dat der gjin momint fan refleksje west hat by Dales. "It fêste rideltsje fan Dales is om altyd de skuld by in oar del te lizzen en net te sjen nei syn eigen oandiel. Dat wie no ek wer it gefal."

Foarútsjen

Dat Dales no fuortgiet jout wer mooglikheden foar nije kânsen. "Wy binne oplucht dat it haadbestjoer no opstapt, al is de situaasje fansels net ideaal. Wy kinne no wer mei frisse moed oan in nij haadstik begjinne."

(advertinsje)
(advertinsje)