Noarderbrêge yn Ljouwert wol net mear ticht, ferkear moat ein om

27 apr 2020 - 15:11

De Noarderbrêge yn Ljouwert is moandeitemiddei stikken gien. De brêge flakby de Prinsetún wol net goed ticht en dêrtroch kin it ferkear der net mear oerhinne.

Foto: Kappers Media

Hanthaveners binne oanwêzich om it ferkear te begelieden. Auto's, fytsers en fuotgongers moatte in flink ein om, om oan de oare kant fan it wetter te kommen. Lytse boaten kinne wol ûnder de brêge troch farre.

In monteur is oproppen om de problemen te ferhelpen. It is net bekend hoelang't de reparaasje duorje sil.

(advertinsje)
(advertinsje)