Plysje makket bylden iepenbier om dieder brânstichting Easterwâlde te finen

It tv-programma Opsporing Verzocht fertoant tiisdeitejûn bylden fan in auto dy't belutsen liket te wêzen by de de brânstichting fan in loads oan de Houtwâl yn Easterwâlde. De loads waard yn de nacht fan sneon 29 febrewaris op snein 1 maart yn 'e brân stutsen en wie net mear te rêden.
Tige grutte brân Easterwâlde © De Vries Media
De fersekeringsmaatskippij sei earder al in jildbedrach ta oan dejinge dy't ynformaasje biede kin dêr't de saak mei oplost wurde kin. De útstjoering fan Opsporing Verzocht is tiisdeitejûn om 20.30 oere op NPO1.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy