Rydstripe ôfsletten nei ûngelok op N381 by Oerterp

27 apr 2020 - 13:14

Op de Opperhaudmare (N381) by Oerterp is moandeitemiddei in auto fan de dyk rekke en op de dyk derneist op syn kop ta stilstân kaam. De auto rekke flink skansearre. De brânwacht hat de bestjoerder út de auto helle.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

De bestjoerder rekke meardere kearen mei de auto yn de berm en koe op it lêste momint net mear in stjoerkorreksje meitsje. Hy rekke fan de dyk en sloech oer de kop.

Omstanners hawwe yn ôfwachting fan de helptsjinsten earste help ferliend. Hoe slim oft de bestjoerder deroan ta is, is net bekend. Hy is oerbrocht nei it sikehûs.

Ien rydstripe waard ôfsletten. De plysje sil ûndersyk dwaan nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok N381 Opperhaudmare
(advertinsje)
(advertinsje)