Kollum "Tuinesië"

27 apr 2020 - 09:16

"No't wy jûns gjin oare ferplichtingen mear ha, is der samar ynienen folop tiid om thús oan de slach. Wy binne it gersfjild oan it opkreazjen, wy ha it smoardrok mei it bouwen fan in beamhutte en wy pompe de fiver leech. En dat allegear mei in strikte deadline fan 4 july. Want ik bin benaud dat der fan ús simmerfakânsjeplannen neat telâne komt.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke vd Zee

Alle eveneminten binne skrast oant 1 septimber, fertelde Mark Rutte ús ôfrûne wike. Gjin Pinkpop, Zwarte Cross, Veenhoop Festival, Sneekweek of skûtsjesilen. Troch alle eveneminten dizze simmer giet in streek, omdat wy dan mei te folle minsken op in klútsje sitte.

Kinst my net wiis meitsje dat wy aanst yn july wol 'hutjemutje' op in camping sitte meie. Mei ús allen yn it swimbad springe of yn it te lytse campingwinkeltsje de farske croissantsjes ophelje. No way Jose. Ik tink dat Mark oer in pear wykjes ek in dikke skras set troch al ús fakânsjeplannen. En dus binne wy thús drok dwaande om ús eigen camping klear te meitsjen.

Wy meitsje fan ús gersfjild in grien biljertlekken, dêr't de tintsjes op stean kinne. Wy ha boppedat in beamhutte yn de oanbieding dêr't yn oernachte wurde kin. En wy tsjoene ús fiver om ta subtropysk swimparadys. De hingmatte krijt in plakje en it terras wurdt 'spik en span' makke. In fiif-stjerrecamping soe jaloersk wêze op ús fasiliteiten.

No ha wy fansels mazzel mei ús plakje, dêr't om hûs hinne genôch romte is om ús in simmer lang te fermeitsjen. Mar wat no ast op fiif heech yn in flatsje wennest mei allinnich in balkon? Dan is it in hiel oar ferhaal. Gjin swimbad yn de tún, hingmat op it terras of hutte yn de beam. Mar dêr ha ik wat op betocht.

Wat no as wy dizze simmer wer âlderwetsk oan hûzeruil dogge? Dat in famylje út de Bijlmer in wike lang yn Boelensloane fakânsje fiert en wy dêr hinne gean. Foar ús in moai momint om ris flink oan sightseeing te dwaan yn de no dochs rêstige haadstêd. En foar har it momint om hearlik yn it bosk út te waaien of yn de fiver te sparteljen.

Gjin gedoch mei oardel meter ôfstân, yngewikkelde tintestokken of in 'fouwein' út it jier nul. Kinst sa dyn fakânsjehûs yn rinne. Sterker noch: der is in ôfwaskmasine, in eigen dûs en mar leafst trije sliepkeamers. It iennige datst mei hoechst te nimmen, binne dyn eigen klean, in sinnebril en swimbroek.

Stel dy ris foar. Gjin gestress mei smoarge wask yn de wasserette. Gjin gedoch mei lekke luchtbêden. En gjin spul om de bêste klapstoel yn de fierstente lytse foartinte. Ik bin der sels fan oertsjûge dat it tal echtskiedingen troch sa'n oanpaste fakânsje in stik leger wêze sil.

Sa bringt dizze bysûndere tiid ús dochs ek noch wat foardielen. Minder fleanferkear, minder echtskiedingen en minder finansjele útjeften. Tuinesië hat noch noait sa moai west."

(advertinsje)
(advertinsje)