Ferplicht mûlkapkes yn De Warrenhove: "Alle maatregelen gevolgd, maar toch veel besmettingen"

27 apr 2020 - 13:29

Soarchmeiwurkers fan wensoarchsintrum De Warrenhove yn Drachten dy't yn kontakt komme mei bewenners moatte mûlkapkes drage. Dat skriuwt Zorggroep Liante op harren webside. Hjirmei wurdt neffens Liante bewust ôfwykt fan de lanlike rjochtlinen fan it RIVM. De maatregel is bedoeld om de útbraak fan it coronafirus op it wensoarchsintrum ta in halt te roppen.

Sûnt 8 april binne trettjin bewenners en fjirtjin meiwurkers fan De Warrenhove besmet rekke mei it coronafirus. Trije bewenners binne yntusken ferstoarn oan it coronafirus. "We hebben tot nu toe alle maatregelen genomen die we konden nemen. Daarin hebben we het RIVM gevolgd en toch hebben wij een heel aantal besmettingen", seit direkteur Anneke Groenenberg fan Liante.

De Warrenhove yn Drachten, ien fan de soarchsintra fan Liante - Foto: Google Street View

De Warrenhove is neffens Groenenburg in hiel grut, âld gebou, mei smelle gongen en in soad bewenners. Dat soe it dreger meitsje om it firus yn te damjen. "Wij vonden dat wij de maatregel moesten nemen, bovenop wat het RIVM zegt." De ferplichte maatregel fan de mûlkapkes is ôfrûne freed útein set.

Mooglik wer besikers talitte

Minister De Jonge fan Folkssûnens kundige moandei oan dat in earste groep ferpleechhûzen fan 11 maaie ôf ûnder strange betingsten wer yn beheinde mjitte besikers talitte mei. De Warrenhove komt dêr foarearst net foar yn oanmerking. "Ik begrijp de behoefte, maar het is echt maatwerk. Hier in De Warrenhove zullen wij niet op 11 mei al staan te popelen om dat te gaan doen. We willen nog steeds het virus bestrijden."

Liante hat sân wensoarchsintra, allinnich op De Warrenhove is sprake fan coronabesmettings. "Ik kan me voorstellen dat we op de andere vestigingen eerder gaan kijken op welke manier we nog meer contactmogelijkheden kunnen maken tussen bewoners en familie."

Direkteur Anneke Groenenberg fan Zorggroep Liante

(advertinsje)
(advertinsje)