Omrop Fryslân draait moandei allinnich muzyk fan Nederlânske boaiem

Miskien is it dy al opfallen, Omrop Fryslân draait moandei op de radio allinnich muzyk dy't yn Nederlân makke is. De Omrop docht dêrmei mei oan in lanlike aksje, tegearre mei in grut tal oare radiostjoerders. Mei dizze aksje wolle de stjoerders de artysten en muzikanten út eigen lân stypje dy't rekke wurde troch de coronakrisis.
© Omrop Fryslân
De muzyksektor hat it dreech, om't in protte optredens ferfalle fanwege de coronamaatregels. Muzikanten sjogge dêrtroch harren ynkomsten fuortfallen. Buma/Stemra, de Nederlânske belange-organisaasje foar muzikanten, rôp radiostasjons begjin dizze moanne op om allinnich nûmers fan Nederlânske artysten te draaien om harren yn 'e mjitte te kommen yn de coronakrisis. De muzikale temadei is ek bedoeld as in symboal fan ienheid en mienskip.
Omrop Fryslân is ien fan de radiostasjons dy't meidogge oan de aksje. "It giet om ienigens en in hert ûnder de riem stekke. Wy fine gewoan dat we meidwaan moatte", seit Omrop-haadredakteur Ingrid Spijkers. "Njonken de Nederlânsktalige muzyk hawwe wy fansels ek noch de Fryske muzikanten. Dus wy meitsje hjoed in moaie mjuks fan Fryske muzyk en muzyk fan Nederlânske boaiem."
Haadredakteur Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân oer de aksje