UPDATE: Plysje giet út fan brânstichting yn Dokkum; fertochte oanhâlden

De plysje giet út fan brânstichting by in wenningbrân oan De Schans yn Dokkum. Dat meldt de plysje op Twitter. Moandeitemoarn betiid wie der koarte tiid brân yn in wenhûs. Dêrby binne in frou en in bern ferwûne rekke. Sy binne nei it sikehûs brocht. De man dy't ek yn it hûs wie rekke net ferwûne. De plysje hat yntusken in fertochte oanhâlden.
De brânwacht yn aksje yn Dokkum © De Vries Media
De brân bruts om 3.00 oere hinne út. De korpsen fan Dokkum en Ternaard waarden oproppen. Foar de helpferliening waard ek in traumahelikopter ynset. Omdat der noch persoanen yn it hûs wiene doe't de brân ûntdutsen waard, skaalde de brânwacht op nei middelbrân. De brân wie binnen in oere ûnder kontrôle.
Koart dêrnei hold de plysje in fertochte oan yn Ferwert. It giet om in 34-jierrige ynwenner fan it doarp. De plysje docht op dit stuit fierder ûndersyk en freget minsken dy't sneintenacht wat fertochts sjoen hawwe yn de buert fan De Schans, yn de wyk It Fûgellân of yn Ferwert om kontakt op te nimmen. Ek minsken dy't kamerabylden hawwe, wurdt frege har te melden. Dat kin fia 0900-8844.