Redúster frou rydt ûnder ynfloed en sûnder rydbewiis

26 apr 2020 - 20:46

De plysje hat in frou fan 37 jier út Reduzum oanholden. Se waard steande holden by in ferkearskontrôle yn Wergea. Dêr seach de plysje dat har rydbewiis net jildich wie. It wie de tredde kear dat se dêrop betrape wie.

Foto: Plysje

De plysje hat dêrom har auto yn beslach nommen. Ut in test die ek noch bliken dat de frou ûnder ynfloud wie fan THC en amfetamine, dêrom waard se oanholden. Op it plysjeburo wegere de frou mei te wurkjen oan in bloedtest. Ek dêrfoar makket de plysje proses-ferbaal op.

(advertinsje)
(advertinsje)