Finansjeel direkteur Cambuur: "Grote zorgen over voortbestaan van de club"

26 apr 2020 - 20:28

Finansjeel direkteur Gerald van den Belt fan Sportklup Cambuur hat grutte soargen oer de sinteraasje fan syn klup. "Ik maak me grote zorgen over het voortbestaan van SC Cambuur", seit er tsjin de NOS.

Foto: ANP

"Wij hebben op drie momenten flink geïnvesteerd om in de eredivisie te spelen", fertelt Van den Belt. Cambuur stie mei grutte foarsprong boppe-oan yn de earste difyzje en koe promoasje hast net mear misrinne. No't it seizoen troch it coronafirus net ôfmakke wurde kin, hat de KNVB besletten dat gjinien promovearret of degradearret.

Utjeften al oanpast

En dus spilet Cambuur takom seizoen opnij yn de earste difyzje, wylst se yn de earedifyzje mear ynkomsten ha soene. Dêr hie de klup de útjeften dus ek al op oanpast: "In de winterstop hadden we acht punten voorsprong. Toen hebben we geïnvesteerd op de zwakkere plekken, waar we dun bezet waren. Zo maakten we het kampioenschap nog zekerder. Op 1 april moesten we de opties in de contracten lichten, in de wetenschap dat we waarschijnlijk gingen promoveren."

Grut tekoart

Dat hiele ferhaal giet net mear troch. "En nu zitten we volgend seizoen met een exploitatietekort van 1,5 miljoen euro." Dat yn kombinaasje mei de coronakrisis soarget foar in protte soargen by Van den Belt, sels oer it fuortbestean fan de klup dus.

"We hadden al behoorlijk geïnvesteerd omdat we meenden recht te hebben op de eredivisie. Daar hebben we dan ook naar gehandeld."

De Ljouwerters binne noch oan it sjen oft se juridyske stappen ûndernimme. Van den Belt en algemien direkteur Ard de Graaf ha dêr kontakt oer mei juridysk spesjalisten.

Algemiene fergadering organisearje

Boargemaster Boumans fan Doetinchem rôp klups op om in algemiene fergadering yn it betelle fuotbal ôf te twingen. Om dat foar elkoar te krijen, binne neffens Boumans fjouwer klups nedich. "Als meer dan de helft van de clubs bij een algemene vergadering vindt dat er slecht gehandeld is, draai je het besluit terug."

Neffens Van den Belt sil Cambuur alle kânsen oangripe om de KNVB dúdlik te meitsjen dat de Ljouwerters it beslút ûnrjochtfeardich fine.

(advertinsje)
(advertinsje)