Wat Nederlân fan Sina leare kin? Dat je mûlkapkes drage moatte

"Ik kaam werom yn in oare wrâld." Sjoerd den Daas, korrespondint foar de NOS yn Sina, is fanwege privee-omstannichheden tydlik werom yn Nederlân. Op It Hearrenfean, syn âlde thús. "Ik hie it idee dat ik in pear moannen werom gean wie yn de tiid. Alle strjitten leech, it liket wol oft it alle dagen snein is." It is de situaasje sa't er dy meimakke yn Sina. Dêr komt it libben stadichoan wer op gong, gean de merken wer iepen en komme de minsken wer op strjitte. Mei ien grut ferskil: "Se ha dêr allegear in mûlkapke foar."
Wat Nederlân fan Sina leare kin? Dat je mûlkapkes drage moatte
"Ik tink dat we dêr hjir yn Nederlân ek nei tagean. Dat je in mûlkapke op ha moatte as je op plakken komme dêr't oardel meter ôfstân hâlde dreech is." Den Daas tinkt dat it ek de iennige wize is om de mienskip wer op gong te krijen. "Je sjogge it net allinnich yn Sina. Sjoch nei Dútslân, Eastenryk en gean sa mar troch."

"Der bart noait wat mei Sineesk nijjier"

Werom nei Sina, it lân dêr't Den Daas al sûnt er in lyts jonkje wie in fassinaasje foar hat. Hy kaam der al as jonge. Nei in stúdzje fysioterapy besocht Den Daas it alris yn Sina. Hy kaam der al gau achter dat hy as fysioterapeut gjin takomst opbouwe koe en gie werom nei Nederlân. Dêr begûn er oan in minor Sineesk en in stúdzje bedriuwsekonomy. Nei wurke te hawwen foar RTL Z koe er foar it Financieel Dagblad oan de slach mei syn dreambaan: korrespondint yn Sina.
© Sjoerd den Daas, eigen foto
Ferline jier makke Den Daas de oerstap nei de NOS. De 33-jierrige Sjoerd den Daas wennet no mei syn Amerikaanske freondinne, dy't ek as sjoernalist wurket yn Beijing, de haadstêd fan Sina.
Doe't it firus yn Sina útbruts wie Den Daas krekt op fakânsje yn Tailân: "Ja, it wie Sineesk nijjier. Der bart gewoanwei neat dan. Doe't der wat mear dúdlik waard, bin ik fuort weromflein nei Beijing." Hy keas der bewust net foar om nei Wuhan te gean. "As je dêr sitte mei in lockdown, dan binne de ferhalen gau op. Wy ha derfoar keazen om nei de omlizzende provinsjes te gean, om dêr de ferhalen te meitsjen."
Doe kaam de plysje en sieten we twa oeren op it buro. Dan komst wer bûten en is it tsjuster. Dan kinst dyn wurk net mear dwaan.
Sjoerd den Daas oer parsefrijheid yn Sina
© Sjoerd den Daas, eigen foto
Yn Sina ha je parsefrijheid. Mar de praktyk dêr is oars as hjir. Dat fernaam Den Daas doe't er oan de grins mei de provinsje Hubei oan de Yangtze stie: "We meie oarol ynterviews dwaan, mei minsken prate. Dat die ik dêr ek. Ik stie op in brêge te sjen hoe't minsken besochten noch út Hubei te kommen en hoe't oaren besochten werom te gean. Dy hienen op fakânsje west, of oan it wurk. Op dat momint kaam de plysje en sieten we twa oeren op it buro. Dan komst wer bûten en is it tsjuster. Dan kinst dyn wurk net mear dwaan."

Krityk op Sina

Yn in soad lannen is krityk op de oanpak fan Sina fan it firus. Der soe te let ynformaasje dield wêze. Sinezen wurde ek hieltyd kritysker op de eigen regearing, fernimt Den Daas. "Op Weibo, it Sineeske Twitter, en WeChat bygelyks. Dêr sjochst hieltyd mear krityske lûden. Mar ek op fideo. Sa wie der in frou dy't oeren dwaande wie mei it regeljen fan in ambulânse foar har pake en beppe. Doe't dy kaam, waard tsjin har sein: mar hy is al dea, wat moatte we hjir noch? Har beppe gie wol nei it sikehûs, mar is dêr stoarn op de gong. Sy doart de fraach te stellen: oerheid, hoe kin dit?"

Sinezen doare har net maklik út te sprekken

De oplossing fan de oerheid is dan simpel. De partijsekretaris mei it fjild romje. Sa ek dy fan de stêd Wuhan en fan de provinsje Hubei. Dochs bliuwt it foar Sinezen dreech om kritysk te wêzen: "Ik mei dat as sjoernalist wol. Dochs doch ik dat it leafst oan de hân fan eksperts. Dy doare har allinnich net altyd mear iepenbier út te sprekken, dus dan sis ik: 'minsken dy't derfan witte, sizze dat...' Se binne der noch wol: minsken dy't it wol iepenbier oandoare, mar it binne der net in soad mear."
Dat die ek wol bliken oan it begjin fan de corona-útbraak yn Wuhan. Alle berjochten dêroer waarden de kop yndrukt. Tsjin dokters waard sein dat se har stil hâlde moasten, want oars wie it ein ferhaal. "Dêrnei is der mear ynformaasje nei bûten ta kaam. Dan sjochst dat sa'n lân in enoarme fearkrêft hat."
© Sjoerd den Daas, eigen foto

De bistemerk fan Wuhan

Den Daas hat dizze moanne yn Wuhan west, krekt nei't de provinsje Hubei en de stêd út de lockdown kamen. Hy wie ûnder oare ek by de bistemerk fan Huanan. Dy wurdt sjoen as it plak dêr't in soad minsken besmet rekke binne mei it coronafirus. "Dy wie allinnich noch ticht. We binne nei in fergelykbere merk west. Dêr ha wy doe gjin wylde bisten sjoen. It is ek noch hielendal net dúdlik wêr't it firus krekt weikaam." Algemien wurdt oannommen dat de merk dêr de boarne wie. It soe dêr oergien wêze fan flearmûzen op in oar bist, lykas in civetkat, en sa op minsken. Wittenskippers twivelje no oan dy teory, om't de earste besmetting mooglik al folle earder plakfûn hat.
Hoe't it ek sit, dat soarte fan bistemerken binne gefaarlik, seit Den Daas: "Se binne net allinnich yn Sina. Sjochst se bygelyks ek yn Fjetnam en Yndonezië. It is dêr drok en der binne bisten. Dat is in gefaarlike kombinaasje."
Salang't we dat net witte, kinne we ek net witte hoe't we in útbraak yn de takomst foarkomme moatte.
Sjoerd den Daas
Yn Sina wienen dit soarte fan bistemerken in skoft lang oan bannen lein, nei de útbraak fan SARS yn 2003. "De Sineeske oerheid hat der doe in skoft boppe-op sitten, mar troch de jierren hinne is dat relaxter wurden. No sitte se der wer boppe-op, mar je witte net oft it wer weromkomt. Mar al mei al: de oarsaak is noch ûndúdlik. Dus salang't we dat net witte, kinne we ek net witte hoe't we in útbraak yn de takomst foarkomme moatte."

It nijs leit op strjitte

Sjoerd den Daas is hielendal thús yn Sina. "It is in fantastysk lân om te wenjen en te wurkjen. Minsken binne hiel aardich en wolle altyd fan alles fan je witte. Lykas wêr't ik dan krekt weikom. Ik sis dan altyd út it Dongbei fan Nederlân, dat is in provinsje yn it noardeasten fan Sina. De minsken dêr binne wat rûger en rauwer. Down to earth, dus eins krekt Friezen."
Mei 1,4 miljard ynwenners en in lân dat ynternasjonaal hieltyd mear ynfloed kriget, is it foar sjoernalisten in paradys om te wurkjen: "It nijs leit hjir op strjitte", seit Den Daas. "Ik bin troch alles wat bart noch net echt takaam oan de wat leukere, futuristyske ferhalen hjir. Earst hienen we Hong Kong dêr't we slalomje moasten tusken de molotovcocktails en dêrnei corona."

Nederlân stiet der goed op

Sina is foar in soad Nederlanners ûnbekend gebiet. "Sina hat in hiele rike kultuer. It lân is eins krekt as Europa in kontinint. Der binne safolle ferskillende plakken dêr'tst kânsen fine kinst. Bygelyks ast hjir boer bist. It earste wat se dêr altyd tsjin my sizze: Nederlân, ah. Kinst ek molkepoeier foar my meinimme?"
Nederlân stiet der goed op yn Sina, fernimt Den Daas. "Ja, se ha der in goed gefoel by. Dat sil oarsom no wol minder wêze nei dizze firusútbraak. Fansels, der binne dêr minsken dy't flearmûzen of oare nuvere dingen ite. Mar it belangrykste om te witten is dat Sinezen gewoane minsken binne."
De weromreis nei Sina is noch net boekt. Den Daas is nei syn reis nei Wuhan oer Shanghai weromflein nei Nederlân: "Nei in negative coronatest, dus ik bin skjin." It lân wer yn komme sil de kommende tiid net maklik wurde. De grinzen binne ticht foar bûtenlanners. Salang't de epidemy trochgiet sit ik noch yn Nederlân, of yn Fryslân."
Yn petear mei Sjoerd den Daas