Frou Van der Weg lilk om drokte: "It docht my sa sear"

26 apr 2020 - 17:55

De triennen rôlen frou Van der Weg (86) fan Ternaard oer de wangen, doe't se in foto yn de Ljouwerter Krante seach mei in drokke boat nei It Amelân ta. "Ik tocht: wat belibje we no? Se moatte allegear in boete oan 'e kont krije, en in goeien ek!"

Foar kwetsberen dy't op it stuit isolearre thús sitte, moat it sa no frustrearjend wêze: drokte bûten mei minsken dy't der lekker op út geane. De boat nei It Amelân kin gewoanwei 1.200 minsken ferfiere, mar mei de coronamaatregels is 400 it maksimum. Dy sieten der ek allegear op.

De foto fan de drokke boat yn de Ljouwerter Krante - Foto: Omrop Fryslân

Frou Van der Weg makket har der lilk om. "It docht my sa sear. Dan sitte je hjir allinnich thús en dan tinke je dêroan. Dan geane je net tusken de minsken sitten. Dan hâlde je der rekken mei. En net allinnich ik, mar mear Ternaarders, want hjir binne mear âldere minsken."

It folsleine ynterview mei in emosjonele frou Van der Weg:

(advertinsje)
(advertinsje)