Kuiper net langer technysk direkteur yn Kanada: "Unoangename ferrassing"

Reedrydman Geert Kuiper fan Aldeholtwâlde is takom seizoen net mear aktyf foar it Kanadeesk bûn. De 59-jierrige Kuiper wie sûnt 2018 technysk adviseur by it Kanadeesk reedrydbûn, mar syn kontrakt wurdt net ferlinge.
Geert Kuiper (rjochts) © www.orange-pictures.nl
"Dat kaam as in ûnoangename ferrassing", seit Kuiper tsjin schaatsen.nl. "Se wolle it oars ynfolje. Miskien ek de finânsjes oars brûke en ien ynsette dy't altyd yn Calgary is." Kuiper ferdielde syn tiid tusken Kanada en Fryslân, want hy hat yn Aldeholtwâlde in feehâlderij mei syn soan.
No moat Kuiper op syk nei in nije baan. "Omdat it wat ûnferwachts kaam, hie ik earder ek noch net om my hinne sjoen. Mar ik bin motivearre om in nije útdaging oan te gean", seit er. "It Kanadeeske avontuer wie ynspirearjend en learsum."
Earder wie Kuiper coach by Sanex en TVM en bûnscoach fan de Nederlânske reedriders fan 2014 oant en mei 2018.