Wylde Swan-siler: "Wij hadden het hier veel mooier dan jullie in Nederland"

26 apr 2020 - 16:57

"Wij hebben feestjes gehad aan boord, we hebben geleerd over het zeilen en we hebben gewerkt aan onze persoonlijke leerdoelen. En als ik dan hoor dat hier iedereen 1,5 meter afstand moet houden." De 17-jierrige Tymon út Terherne wie ien fan de 25 learlingen oan board fan de tall ship de Wylde Swan. De sylreis is troch de útbraak fan it coronafirus hiel oars rûn as pland.

De 25 learlingen, de dosinten en de bemannings stapte acht wiken lyn yn Sint Maarten op de Wylde Swan. Doel wie om seis wiken lang te silen yn it Karibysk gebiet. Mar nei oardel wike moasten se koers wizigje. Want lannen as Kuba en Jamaika lieten it skip net ta yn de havens.

Ik heb helemaal geen idee hoe Nederland er nu uit ziet.

Tymon

En dus moasten se werom nei Nederlân, it lân dat se heal febrewaris ferlieten. "Ik heb helemaal geen idee hoe Nederland er nu uit ziet", seit Tymon. "Want ik heb het nog niet met mijn eigen ogen kunnen zien. Ik denk dat de snelwegen wel minder druk zullen zijn. Verder heb ik echt geen idee.

Sneu en lilk

Doe't de learlingen te hearren krigen dat de reis net mear ferrinne soe as pland, wiene guon sneu en lilk. Want úteinlik wie de iennige opsje weromsile oer de oseaan nei Fryslân ta, yn stee fan mei it fleantúch fan Sint Maarten nei Nederlân.

"Ik vond het wel jammer, want we gingen niet naar Cuba. En dat land had ik graag willen zien", fertelt in entûsjaste Tymon. "Maar wij hebben het hier fantastisch gehad. Met alle mensen aan boord heb ik een speciale band opgebouwd. En eigenlijk heb ik door corona een nog spannendere reis gekregen dan waar ik me voor had ingeschreven."

Tymon (17) út Terherne komt fan it skip - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Tymon is hikke en tein yn Terherne, dêrom fûn er it ek noflik dat de Wylde Swan snein oankaam yn Harns. "En niet in Scheveningen of zo."

Oer syn famylje en de situaasje yn Nederlân hat er him gjin momint drok makke. "Totaal niet. Ik heb vertrouwen in de politiek van Nederland en ik denk dat we hier goed uit gaan komen. In de geschiedenis hebben we vaker dit soort dingen meegemaakt en altijd overwonnen. Dus ik denk dat dat deze keer ook goed gaat lukken."

Mominten fan 'oh help!'

De âlden fan Tymon hawwe it krekt wat oars belibbe. Se koene de reis fan harren soan folgje mei in geotracker. Ien kear yn de wike krigen se in update fan de rederij. En se hiene briefkontakt mei Tymon. "Dat was heel erg leuk, omdat je dan leest hoe leuk hij het heeft op het schip. Aan de andere kant probeerden wij, ondanks alle toestanden om ons heen, toch een leuke, opgewekte brief terug te schrijven. Maar natuurlijk waren er momenten dat we dachten: 'oh help!' En dan kun je niks doen. Alleen maar hopen en vertrouwen op de bemanning dat het allemaal goed komt."

Syn âlden koene him úteinlik wer yn 'e earmen slaan yn de Harnzer haven. "Hier hebben we heel erg naar toegeleefd", seit de heit.

De nije realiteit

As Tymon werom komt by syn hûs yn Terherne stiet der yn 'e strjitte in hiel komitee om him te ferwolkomjen. Syn âlden ha der op wachte. In protte buorlju sille op it hiem stean mei slingers en spandoeken. "Natuurlijk staat iedereen in de straat op 1,5 meter afstand van elkaar. Niet alleen omdat dat veilig is, maar ook om Tymon alvast te laten wennen aan zijn nieuwe realiteit."

En Tymon, dy sjocht út nei wat iten. "En dan ga ik een biertje drinken. Douchen en lekker in de zon zitten. En daarna vertel ik de familie alle wilde verhalen die ik heb meegemaakt."

(advertinsje)
(advertinsje)