Lizzen fan blommen foar Makkumer deadebetinking begjint al op 1 maaie

26 apr 2020 - 16:43

De deadebetinking yn Makkum begjint al op freed 1 maaie. Gewoanwei is der in stille tocht en in gearkomste op it tsjerkhôf op 4 maaie, mar dat kin no net trochgean. Dêrom kinne minsken no al earder blommen dellizze by de ferskate oarlochsmonuminten yn it doarp en op it tsjerkhôf.

Foto: ANP

It Makkumer komitee fan de deadebetinking ropt minsken fierder op om de deaden thús te betinken. Op 4 maaie spilet in trompettist fan muzykferiening Hallelujah it Taptoe-sinjaal, wêrnei't om 20:00 oere de twa minuten stilte begjinne.

Minsken kinne op 1 maaie fan 8.00 oere ôf blommen lizze. It komitee wol graach dat minsken dat op syn lêst foar moandei 4 maaie 18.00 oere dogge.

(advertinsje)
(advertinsje)