Petysje foar promoasje SC Cambuur al 12.500 kear ûndertekene

26 apr 2020 - 14:02

De petysje foar de promoasje fan SC Cambuur en De Graafschap is oant no ta mear as 12.500 kear ûndertekene. Op de website petitie.nl ha fans fan beide ploegen in petysje oanmakke.

Foto: Kern van Cambuur

Hjirmei roppe se op om beide ploegen nei de earedifyzje te promovearjen. De teller stie sneon op goed 8.700 stimmen. Dêr kamen snein nochris hast 4.000 by.

De KNVB makke freed bekend dat de nûmer 1 en 2 fan de Keuken Kampioen Divisie net promovearje nei de earedifyzje. Dit ta grutte lulkens fan de fuotbalploegen en de fans.

Njonken de petysje ûndersykje de bestjoeren fan Cambuur en De Graafschap hokker juridyske stappen oft se sette kinne tsjin dit beslút.

Foto: www.petities.nl
(Advertinsje)
(Advertinsje)