Geert Dales en rest partijbestjoer 50Plus stapt op
It partijbestjoer fan 50Plus stapt op. Dat makke foarsitter Geert Dales snein bekend. Oanlieding is in konflikt oer de rol fan Dales, tal fan partijpommeranten ha it fertrouwen yn de lêste wiken yn him opsein.
Geert Dales wie fan 2004-2007 boargemaster fan Ljouwert. Dêrfoar wie er wethâlder yn Amsterdam.