Hielke Brouwer út Twizel: rêder fan generaasjes

26 apr 2020 - 13:00

Hielke en Gelske Brouwer út Twizel brochten yn de Twadde Wrâldoarloch sa'n hûndert Joaden yn feilichheid. Har wenning waard dêrneist ek brûkt as trochgongshûs foar ûnderdûkers. Ien fan har, Marthi Hershler-de Wilde, lei in samling oan fan ferhalen fan de rêde Joaden. Marthi: "Het is haast niet te beseffen wat hij gedaan heeft voor andere mensen. Hielke Brouwer was een man van weinig woorden. Hij sprak niet, hij deed."

troch Martijn van Dijk

Hielke en Gelske Brouwer - Foto: Familiefoto

Hielke en Gelske Brouwer fûnen it net mear as logysk dat se yn de Twadde Wrâldoarloch safolle ûnderdûkers holpen. Se diene har plicht. Mar oant no wurdt stilstien by wat de Brouwers dien hawwe. Oer de hiele wrâld, want de rêden minsken fan doe binne útwaaiere oer de hiele wrâld. Marthi Hershler-de Wilde (1935) is ien fan har. Sy begûn yn 1970 in syktocht nei de troch de Brouwers rêden Joadske ûnderdûkers en makke in album fan har ferhalen. In unyk dokumint.

Hielke en syn dochter Jantsje Brouwer. Op de bank Gelske, Marthi en Jolijn. - Foto: Famyljefoto

Mei help fan in âld adresboekje fan Jantsje Sevinga-Brouwer, de dochter fan it pear en fia ûnderdûkfamyljes en oare ynkommen tips besocht se har lotgenoaten, dy't ferspraat oer de wrâld wennen, op te spoaren en frege har op te skriuwen hoe't har libben nei 1945 ferrûn wie. Op krekte wize sammele sy dy unike ferhalen yn in deagewoane multomap, dy't op 5 maaie 1970 oan Hielke en Gelske Brouwer oanbean waard as earbetoan foar har libbensgefaarlike ynspanningen.

Troch pakesizzer Ieke Sevinga is dy bondel yn it argyf fan Tresoar yn Ljouwert yn te sjen. Ieke en syn frou Lia Sevinga fine it soms wol wat ûngemaklik. "Zelfs naar ons toe wordt die dankbaarheid, elke keer dat wij telefoneren met de mensen die gered zijn, uitgesproken."

Brief fan Chawa yn multomap - Foto: Famyljefoto

Plicht

It seit wat oer de hâlding fan in soad fersetslju en har neiteam. Har âlden en pakes en beppes dienen har plicht. Gjin reden om oer op te skeppen. Der waard binnen famyljes ek amper oer praat. "Pas toen pake wat ouder werd kon ik er met hem over praten", fertelt Ieke oan de telefoan út Olterterp wei. "De hele familie zat in het verzet en dat heeft diepe sporen nagelaten, want zonder kleerscheuren zijn ze er niet van afgekomen. Maar het heeft ook iets moois opgeleverd, want mijn moeder en vader hebben elkaar via de ondergrondse leren kennen."

Hielke Brouwer wie in belangryk man binnen de LO fan Achtkarspelen. Syn hûs fungearre as middelpunt fan de koördinaasje fan de ûnderdûk fan Joaden yn de gemeente. Hy wie as rykskontroleur in soad ûnderweis en kaam by in soad minsken oer de flier. De kontakten dy't er dêrtroch opdie, wienen yn de oarlochstiid weardefol. Hielke, Gelske en dochter Jantsje begelaten de folwoeksenen en bern dêrnei nei de ûnderdûkadressen. As de susters Marthi en Jolijn (1938) de Wilde komme, beslute de Brouwers om de famkes yn de hûs te nimmen.

"Het was voor mij een goede tijd", seit Marthi oan de telefoan út Israel wei. "Het voelde allemaal zo vanzelfsprekend. We maakten veel grapjes met elkaar. Zo vroeg omke Hielke meer dan eens in de ochtend of ik lekker had geslapen. 'Jazeker' zei ik. 'Nou dan kun je je bed ook wel verkopen', zei hij dan."

Mar it giet net altyd goed. Hielke en Jantsje wurde yn augustus 1944 oppakt en sitte sân wiken finzen yn Ljouwert. Wylst de famkes op in tydlik adres yn Garyp sitte fanwegen de arrestaasje, folget dêr in bysûndere moeting.

Hongertransport

Mem Ada de Wilde hâldt it net langer út op har ûnderdûkplak yn Amsterdam. Sy beslút om as begeliedster mei in hongertransport nei Fryslân te reizgjen. De reis ferrint sûnder swierrichheden en in yntins inoar wer sjen folget. As it pear Brouwer frijkomt, mooglik omdat der papieren 'fuortrekke' binne en der gjin reden betocht wurde koe om se langer fêst te hâlden, komme de famkes mei har mem werom nei Twizel, dêr't se by de famylje Brouwer oant de ein fan de oarloch bliuwe. Marthi, Jolijn en Ada hawwe allegearre in ferhaal skreaun foar yn de 'multomap'.

Pleats dêr't Hans van der Sluis ûnderdûkt siet - Foto: Famyljefoto

Hans van der Sluis

Ek Hans van der Sluis (1935) út Kanada levere in bydrage. "Hielke Brouwer heeft mij met de fiets van mijn onderduikadres in Alphen aan den Rijn opgehaald. Ik kan het eigenlijk niet bevatten, we moeten bijna een week bezig zijn geweest om naar Twijzel te komen."

Oft se yndie 230 kilometer fytst ha, is net echt te achterheljen. "Het kan ook best iets anders zijn gegaan. Ik heb zoveel meegemaakt en het lijkt soms net of het over iemand anders gaat wanneer ik over mijn eigen oorlogsverleden praat."

Yn Twizel begjint in nije perioade foar Hans. Nei in tydlik adres wurdt er leafdefol opfongen by pake en beppe Stiksma dy't mei dochter Fokje oan De Wedze wenje. Hielke Brouwer hâldt wol in eachje yn it seil. "Soms moest ik naar de familie Brouwer toe, waarschijnlijk om te kijken of alles nog goed met mij ging."

(advertinsje)
(advertinsje)