GGD: gjin nije stjergefallen, 4 nije besmettingen

26 apr 2020 - 12:47

GGD Fryslân meldt dat der de ôfrûne 24 oeren gjin nije coronastjergefallen meld binne. It oantal bliuwt op 58 stean. Fjouwer minsken binne besmet mei it coronafirus, dêrmei komt it oantal op 498 posityf teste persoanen. It tal sikehûsopnamen is gelyk bleaun: 52.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

De sifers fan it RIVM litte sjen dat it tal deaden mei 66 tanaam is en no útkomt op 4475.

It tal sikehûsopnamen is tanaam mei 75 en komt út op 10.456, dat giet om minsken dy't yn it sikehûs lizze of lein ha.

Trefwurden: 
GGD coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)