Wetterskip Fryslân wol nije oanpak fan drûchte

26 apr 2020 - 11:51

Wetterskip Fryslân moat nei in oare wize fan wurkjen no't foar it tredde jier achter elkoar de drûchte de natuer, mar ek de lânbou yn it paad sit. Dat seit deistich bestjoerslid Jan van Weperen fan it wetterskip. Om mei te bewegen mei it feroarjende klimaat soe it wetter dat wol falt, langer fêsthâlden wurde moatte. Alles sa gau mooglik nei de winter fuortpompe, liket no net mear de meast logyske strategy.

Gert Diever fan Ychtenbrêge hat wol wat oer foar greidefûgels. As boer hat er noch njoggen readbonte kij omrinnen en keallen dy't hy oernaam hat fan syn wurkjouwer; de Dairy Campus. Hy fielt him noch hieltiten belutsen by de takomst fan de agraryske sektor yn de polder en de greidefûgels. Dus hat er dit jier foar it earst in plas-dras oanlein tusken syn pleats en de kij. En dat docht fertuten.

"Wy hawwe dêr no trettjin span ljippen sitten, der fljocht no in tsien span tsjirken om en dan hawwe we noch in pear skriezen en strânljippen sitten op in pear bunder gerslân. It is âlde greide; mooglik makket dat ek noch wat út. En de wetterstân stiet heech om de plasdras hinne. Ik bin wol tefreden."

Diever is net de iennige, want der liket dizze maitiid in rekôr oantal pompen en hevels ynset te wurden om de greidefûgels yn dizze drûge tiden in ûntwyk te jaan.

It plasdras gebiet fan Gert Diever by Ychtenbrêge - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Struktureel probleem

Foar deistich bestjoerslid Jan van Weperen fan Wetterskip Fryslân is no wol dúdlik dat hjir in struktureel probleem ûnder leit. Al jout hy wol oan dat de wrâld der oardel moanne lyn wol hiel oars hinne lei.

"Zes weken geleden hadden we nog de discussie over de overlast van water en kregen we verschillende signalen om de peilen zo in te stellen dat er landwerkzaamheden konden worden uitgevoerd. Maar ik denk na nu zes weken droogte en de derde droogte die we de laatste drie jaar meemaken dat wij naar een andere benadering moeten van ons peilgebeuren. Daarbij moet het water dat valt in een gebied langer worden vasthouden en opgeslagen."

In skries siket in wiet plak op yn de Warkumerwaard - Foto: Remco de Vries

Sykje nei in lykwicht

Wat bliuwt, is dat der ek no in lykwicht fûn wurde moat tusken alle belangen yn it bûtengebiet. Mar as wetter langer yn de polder stean bliuwt, kin soks foar benammen de lânbou gefolgen ha. Oan de oare kant hat ek dy lânbou wer ferlet fan foldwaande wetter, sa seit Van Weperen.

"Langs de kust weten we al dat de gewassen moeten groeien op het zoet water dat we boven het zoute water als zoete flens hebben. Maar als er steeds minder in de groeiperiode valt van boven in de zomer dan moet het gewas langer groeien op wat er in de grond zit. En dat geldt eigenlijk voor ons hele gebied en ook voor de natuur. Als we natte natuur willen beschermen dan moeten we er ook voor zorgen dat er in de buurt minder water is."

It J.S. Gerbrandygemaal is ien fan de gemalen dy't it wetter út de polders pompt - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

It wetterskip is al langer dwaande yn te spyljen op it feroare klimaat. Mei de lânbou wurdt ek oparbeide om de spûnswurking fan de grûn te ferbetterjen.

Der kin fansels wat spanning ûntstean tusken it fêsthâlden fan wetter en it ferlet fan boeren om oan it wurk te gean op it lân. Van Weperen: "Ik denk dat de reguliere manier van werken aangepast moet worden. Ook in de landbouw. Daar is wel acceptatie voor, want als wij met grondgebruikers praten over meer water in het veenweidegebied vanuit de insteek hoog wanneer het kan en laag als het moet dan ondervinden we al heel veel acceptatie. Vorig jaar hebben we in een heel groot beheersgebied in ons veenweidegebied het wat zo hoog mogelijk gezet en we kregen alleen maar complimenten."

In tsjirk siket yn in sleat nei fretten yn de Warkumerwaard - Foto: Remco de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)