Skip 'De Wylde Swan' mei 25 learlingen lang om let werom yn Harns

26 apr 2020 - 11:44

Nei goed acht wiken is tallship De Wylde Swan sneintemoarn oankaam yn Harns. Foar de 25 skoalbern wie it in (lange) reis dy't se net gau ferjitte sille.

De learlingen stapten yn maart op Sint-Maarten oan board fan de twamêster. Dêrwei soene se nei Kuba sile. Op it skip krigen se ûnderwiis fan trije dosinten. De reis soe eins seis wiken duorje, mar dat rûn troch de útbraak fan it coronafirus oars.

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Kuba liet witte dat se dêr net wolkom wiene fanwegen it firus. Dus moasten de plannen oanpast wurde. Om't it skip eins nearne komme mocht yn in haven, wie de iennige opsje: oer de Atlantyske Oseaan weromsile nei Nederlân.

Tymon (17) út Terherne komt fan it skip - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Dus nei acht wiken op see stie yn Harns it wolkomstkomitee klear, ûnder strange betingsten. Alden mochten om bar de auto út om yn in spesjaal fak harren bern wer yn de earmen te nimmen. Dat gie op folchoarder fan it ferlitten fan it skip.

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Op de Willemskade wie ek in soad parse oanwêzich, ek sy moasten har oan strange regels hâlde.

(advertinsje)
(advertinsje)