Yn Ljouwert oanhâlden jongeren mei nepfjoerwapen sitte noch fêst

26 apr 2020 - 10:25

De fjouwer jongeren dy't sneontejûn op it Molenpad yn Ljouwert oanhâlden binne, sitte noch fêst. By de arrestaasje waard in warskôgingsskot lost. Ien fan har hie in foarwerp by him dat op in fjoerwapen like. De plysje meldt snein dat it yndie om in nepfjoerwapen gie.

Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

De fjouwer fertochten (21, 16, 20 en 19 jier) komme út Ljouwert. De plysje krige sneontejûn in melding oer it fjouwertal op it Molenpad.

"In dit geval namen de agenten de groep onder schot. Een van hen liep zelfs toen nog op de agenten af. Pas toen ze een waarschuwingsschot losten, volgde hij de aanwijzingen op," meldt de plysje oer it hanneljen.

It is in misdriuw om mei in nepfjoerwapen om te rinnen dêr't ien mei bedrige wurde kin. "Je kunt er een maandenlange gevangenisstraf voor krijgen of een boete die kan oplopen tot meer dan 20.000 euro."

Trefwurden: 
plysje Ljouwert nepfjoerwapen
(advertinsje)
(advertinsje)