FIDEO: Tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

26 apr 2020 - 09:58

Yn Fryslân ferfalle in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert Omrop Fryslân alle sneinen live in tsjinst út. De tsjerketsjinst komt út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei en begjint om 10.00 oere. Foargonger is pastoar Marco Conijn en Jochem Schuurman is de oargelist. Fierdere meiwurking oan dizze tsjerketsjinst is fan kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Klik hjir foar de liturgy fan de tsjerketsjinst. De tsjinst ek te sjen op Omrop Fryslân telefyzje en wurdt om 12.00 oere werhelle. Nei ôfrin is de útstjoering ek werom te sjen fia Utstjoering Mist.

(advertinsje)
(advertinsje)