Fryslân fan Boppen: hjir fljocht de drone moandei en tiisdei del

27 apr 2020 - 06:30

Twa wiken lang fleane op wurkdagen drones boppe de provinsje om Friezen in hert ûnder de riem te stekken. Takom tiisdei is alwer de lêste dei dat se fleane. It projekt Fryslân fan Boppen is betocht troch de Fryske boargemasters en LF2028. Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant stjoere de bylden út. Besjoch hjir de fleanrûten fan moandei en tiisdei. Minsken kinne sjen wêr't de drone fljocht op basis fan dizze GPS-tracker fan Snakeware.

Foto: Omrop Fryslân

Yn dizze bysûndere en spannende tiden dy't in soad oanpassingen freegje fan elkenien, wolle de boargemasters fan ús provinsje de Friezen in hert ûnder de riem stekke. Alle wurkdagen fleane de drones in rûte oer ús provinsje, om alle betsjûgingen fan stipe yn byld te bringen dy't ynwenners, bedriuwen en oare organisaasjes út de eigen tún sjen litte kinne.

Keningsdeirûte

Moandei 27 april fleane we de Keningsdeirûte troch it súdeasten fan ús provinsje. Wy fleane yn twa teams dy't elk in part fan de rûte filmje tusken 9:00 en 13:00 oere. Team ien fljocht fan Oranjewâld nei It Hearrenfean, De Knipe, Langsweagen en De Gordyk. Team twa giet fan Beetstersweach, Aldeberkeap, Noardwâlde en De Blesse nei Wolvegea.

Marrerûte

Tiisdei 28 april fleane we de Marrerûte. Ek dan fleane we yn twa teams dy't elk in part fan de rûte filmje tusken 09:00 en 13:00 oere.

Team ien fljocht fan Grou nei Akkrum, Terherne, Goaiïngaryp en Langwar. Team twa giet fan Heech nei De Gaastmar, Aldegea (SWF), Blauhús en Makkum.

Elkenien dy't in aksje ûnderweis opset, kin dy oanmelde fia dit formulier. Wy kinne net garandearje dat elkenien yn byld komt, der sil in kar makke wurde moatte fanwegen de beskikbere tiid. Mooglike ûnferwachte omstannichheden meitsje dat minsken (yn de doarpen) oan de rûte rekken hâlde moatte mei in healoere romte, sawol earder as letter.

Let op: de plysje freget om ek by tariedingen op Fryslân fan Boppen de oardel meter en oare rjochtlinen fan it RIVM goed yn 'e gaten te hâlden!

'Fryslân fan Boppen' is in projekt fan LF2028, de Fryske gemeenten, Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant. Op woansdei 15 april, de dei dat 75 jier befrijing fan Fryslân fierd waard, binne de droneteams begûn. De opnamen binne in dei letter op telefyzje en op ynternet te sjen.

Fryslân fan Boppen is in (wurk-)dei letter te sjen op telefyzje (ûnder it programma De Middei fan Fryslân) tusken 14.00 en 16.00 oere. Jûns om 21.30 oere is der in kompilaasje op telefyzje en op omropfryslan.nl/fryslanfanboppen.

(advertinsje)
(advertinsje)