45-kilometerauto yn Drachten baarnt folslein út

Yn Drachten is sneontenacht oan de Berglaan in 45 kilometerauto útbaarnd. De brânwacht krige om 2.00 oere hinne de melding. Doe't se oankamen, wie de wein al net mear te rêden.
© ProNews Producties
De brânwacht hat it fjoer útmakke. Nei alle gedachten is de auto yn 'e brân stutsen. De plysje hat yn de buert socht nei in eventuele fertochte. Foar safier't bekend is, is net ien oanhâlden.