Brân yn Ljouwerter studintehûs; net ien ferwûne

26 apr 2020 - 07:23

Yn Ljouwert hat yn de nacht fan sneon op snein brân west yn in studintehûs oan it Maria Annastraatje. De brânwacht skaalde al gau op nei middelbrân om't it om in plak giet yn in tichtbeboud gebiet yn it sintrum.

Foto: CAMJO Media

Yn it hûs wienen meardere minsken oanwêzich, mar elk koe der op 'e tiid útkomme. Der kaam in soad reek frij en it pân hat wetterskea oprûn.

Earder fan de wike wie in grutte brân yn it Ljouwerter sintrum, yn in pân oan de Voorstreek. Dêrby rekke net ien ferwûne.

Trefwurden: 
Ljouwert brân
(advertinsje)
(advertinsje)