Noardeast-Fryslân en Dantumadiel stelle ek stookferbod yn
De gemeenten Noardeast-Fryslân en Dantumadiel ha in stookferbod ynsteld. Dat dogge se op advys fan de brânwacht. It natuerbrânrisiko yn ús provinsje is fan faze 1 nei faze 2 gong.
It is al in skoft drûch, wêrtroch't de kâns op in natuerbrân oanwêzich is. Mei it stookferbod is it ferbean om iepen fjoer te stoken.
Earder stelden al de gemeenten Weststellingwerf, Eaststellingwerf, Opsterlân en alle Fryske Waadeilannen in stookferbod yn.