Plysje sjit by oanhâlding jongerein yn Ljouwert

25 apr 2020 - 21:05

De plysje hat sneontejûn in warskôgingsskot lost by in oanhâlding fan fjouwer jonge minsken oan it Molenpad yn Ljouwert. De jongerein hie in foarwerp by har dat op in fjoerwapen like.

Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

De fjouwer minsken binne oanholden en oerbrocht nei it buro. Dêr wurde se ek heard. Op it Molenpad wurdt noch spoare-ûndersyk dien.

(advertinsje)
(advertinsje)