Fans Cambuur en De Graafschap begjinne petysje foar promoasje

25 apr 2020 - 20:46

In groep supporters fan SC Cambuur en De Graafschap is in petysje begûn mei as doel om promoasje foar beide klups nei de earedifyzje ôf te twingen.

Foto: www.orange-pictures.nl

De KNVB makke freed bekend dat der dit seizoen gjinien yn it betelle fuotbal promovearret of degradearret. Dat betsjut dat Cambuur takom seizoen wer yn de earste difyzje spilet, ek al wiene de Ljouwerters mei grutte foarsprong koprinner. It seizoen kin lykwols net útspile wurde troch it coronafirus.

"Wij zij het hier niet mee eens", skriuwe de inisjatyfnimmers fan de petysje. "Het seizoen is al lang bezig en wij vinden dat Cambuur en De Graafschap gepromoveerd moeten worden."

De petysje is op momint fan skriuwen goed 5.400 kear ûndertekene.

(advertinsje)
(advertinsje)