Amelanners hingje moanne lang spesjale befrijngsflagge út

De 92-jierrige Willy Elgersma-Walda hat dit wykein de earste Amelanner befrijingsflagge krigen út hannen fan de befrijingsflaggekommisje op it eilân. Boargemaster Leo Pieter Stoel wie ek by it oerlangjen. Op It Amelân hingje aanst in moanne lang 300 fan dy befrijingsflaggen.
Willy Elgersma-Walda en Pieter Jan Borsch © Persbureau Ameland
In groep minsken hat moannen dwaande west mei in grut befrijingsfeest op It Amelân. Dat soe fan 5 maaie oant 6 juny duorje. Op 3 juny is it presys 75 jier lyn dat de lêste Dútsers fan It Amelân gongen en 6 juny is de dei fan D-day, de ynfal fan de alliearden yn Normandië. It grutte feest kin troch it coronafirus net trochgean, en dêrom hat de wurkgroep in flagge makke.

Oankaam doe't de Dútsers fuortgongen

De dei dat de lêste Dútsers fuortgongen fan It Amelân, kaam Elgersma-Walda as 17-jierrich famke nei it eilân, mei har heit, mem en broer. Doe't se oankamen, seagen se twa frachtskippen mei Dútske manskippen fuortgean nei Skylge ta. Har heit waard de earste nei-oarlochske boargemaster fan it eilân, oant 1955.
Willy Walda, it famke sûnder hoed, njonken har heit mei baret, dêrnjonken har mem © Eigen foto
Elgersma-Walda wennet noch hieltyd op It Amelân. Se troude en krige der bern. Se wennet noch selsstannich middenyn Nes. Har man, Simon Elgersma, stoar twa jier lyn. Foar it úthingjen fan de flagge en it pleatsen fan de mêst yn de flaggemêsthâlder freget se de lêste jierren help. Op 4 en 5 maaie hat se de Nederlânske flagge út en in dei letter de nije befrijingsflagge. Elgersma-Walda is tige wiis mei de doek.

Kanadezen, net Amerikanen

Op de flagge steane de flaggen fan It Amelân, Kanada en Ingelân. De ynspiraasje foar it ûntwerp fan de flagge komt fan in spjelde yn Museum Sorgdrager. Dy is mei de hân makke en hat in skildering fan trije flaggen: de Amerikaanske, de Ingelske en de Amelanner. De kommisje fan de befrijingsflagge hat keazen foar de Kanadeeske, omdat sy yn 1945 op it eilân wiene, en net de Amerikanen.
De kommisje fan de befrijingsflagge, Willy Elgersma-Walda en boargemaster Leo Pieter Stoel © Persbureau Ameland
Yntusken binne 300 flaggen op it eilân ferkocht. Se wurde dizze dagen en begjin takom wike thús besoarge. It is de bedoeling dat de minsken de flagge in moanne lang úthingje: fan 6 maaie oant en mei 6 juny. De kommisje hat no 40 ekstra flaggen besteld, mochten der mear minsken wêze dy't ien ha wolle.