Undernimmers Drachten sette mei elkoar online besoarchservice op

25 apr 2020 - 18:08

Undernimmers yn it sintrum fan Drachten ha mei syn allen in webside opset dêr't minsken út Drachten en omkriten online shoppe kinne. Op bezorgenindrachten.nl binne yntusken mear as 40 winkels oanmeld en dat tal groeit neffens Douwe Blom fan ûndernimmersferiening Ha&ie noch altyd: "Elke dei komme der guon by, it wurdt in hiel grutte klup."

"It is feilich yn it sintrum, je kinne der winkelje, mar ik kin my hiel goed foarstelle dat minsken yn risikogroepen dochs besoarge binne. Dan bringe wy it mei alle wille by de minsken del", fertelt Blom.

Der stean lykwols ek ûndernimmers op de webside dêr't it wurk in stik lestiger fan rûn te bringen is, lykas kappers en meubelmakkers. "Yn de praktyk moatte we it allegear noch mar sjen, mar ûndernimmers hawwe fansels ek wol eigen kanalen online. Fia ús webside kinne je klikke op harren logo en dan komme je op dy websiden."

Goede doelen gean foar alles.

Henk de Jong

De koerierstsjinst wurdt dien troch frijwilligers. Op it stuit ha al sa'n 15 minsken har derfoar oanmeld, mar dat meie der noch wol wat mear wurde. Der sit al in tal bysûndere frijwilligers yn dy groep, dy't it inisjatyf in waarm hert tadrage wolle. Sa sil boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân yn in auto plak nimme, mar ek Cambuurtrainer Henk de Jong. Dy hat krekt te hearren krigen dat syn klup net promovearret en dus hat er wol wat oars oan 'e holle. Dochs stekt der graach tiid yn it inisjatyf: "Goede doelen gean foar alles. In hiel soad minsken hjir binne ek freonen fan my. Ik fyn dat ik klearstean moat foar de ûndernimmers yn Smellingerlân. Dêr kin ik myn stientsje oan bydrage!"

(advertinsje)
(advertinsje)