Vangrail jout firtueel konsert op De Dam: "Hiel fet"

25 apr 2020 - 17:37

De Fryske band Vangrail jout op Keningsdei in konsert op De Dam yn Amsterdam. Firtueel dan, want de bandleden steane sels yn aparte studio's op It Hearrenfean. Sjonger Raynaud Ritsma leaut it sels ek hast net. "It is net normaal, hiel bysûnder. We binne de earste band op 'e wrâld dy't dit docht."

Vangrail spilet dan op it firtuele keningsdeifestival, KingsdayVR. "De Dam wurdt hielendal digitaal neiboud en der komt dan ek in digitaal poadium", fertelt Ritsma. "En as minsken in virtual reality-bril ha, dan kinne se dy opsette en dan is it krekt of steane se op De Dam nei in show fan Vangrail te sjen."

Jild foar de Voedselbanken

KingsdayVR is in inisjatyf fan Schelte Meinsma út Drachten, fan it bedriuw Vrroom. Wesley Sneijder bekostiget alle kaartsjes fan it festival en de opbringst giet nei de Voedselbanken. Minsken dy't sa'n VR-bril ha, kinne op de bank dus fergees nei it festival. Sneijder hopet wol dat minsken sels noch wat donearje wolle oan de Voedselbanken.

Foto: Vangrail

"Fjouwer wiken lyn binne we begûn en moandei is it dus safier", fertelt Ritsma. "Ek sûnder VR-bril kinst nei de show sjen, dan gewoan op in livestream. Mar mei sa'n bril kinst ek freonen útnûgje, kinst firtueel nei de bar rinne en mei-elkoar prate. En ik kin eventueel ek mei de minsken prate dy't dêr dan by binne."

Avatars dogge bewegingen

Besikers fan it firtuele feest sjogge avatars fan Ritsma en syn bandleden spyljen. "We moasten allegear foar in greenscreen stean, sadat dy avatar ús bewegingen dwaan kin. It sjocht der wat út as in game. Hiel fet."

Ritsma fynt it wol wat spannend. "Hooplik slagget it allegear wat. Wy steane dy jûn sels live te spyljen yn aparte hokjes. Foar de wissichheid ha we ek wat dingen opnaam. As der dan wat misgiet, dan falt net direkt de hiele show fuort."

Raynaud Ritsma

(advertinsje)
(advertinsje)