Fier helpt prostituees sûnder ynkommen oan itensbonnen

25 apr 2020 - 17:07

It kabinet moat hiel gau yn aksje komme foar prostituees dy't troch de coronakrisis akút yn de problemen sitte. Dy oprop dogge ChristenUnie, CDA en PvdA oan it kabinet. In soad prostituees hawwe op dit stuit net iens genôch jild om iten te keapjen. Yn Ljouwert is dy kwetsbere groep grutter as oare stêden.

De measte prostituees hjir steane nammentlik net ynskreaun by de gemeente of Keamer fan Keaphannel. Dêrtroch ha se gjin inkeld rjocht op in útkearing. De need is sels sa heech dat it Prostitúsje Maatskiplik Wurk fan Fier op it stuit mear as tritich froulju foarsjocht fan foedselbonnen, sadat se teminsten wat iten keapje kinne.

Yn Ljouwert binne trochstrings sa'n 60 prostitúsjeruten oan de Weaze. Fan de bûtenlânske froulju dy't dêr wurkje is twatredde ôfreizge nei harren heitelân. Mar der is ek in groep dy't net fuort komme koe en by dy groep is sprake fan akute 'broodnood', seit Fier. Sûnt de bordelen op slot binne, is it ekstra drok by it húskeamerprojekt Xenia fan Fier, GGD en Leger des Heils. Leafst 36 froulju hawwe dêr oankloppe foar help.

Op de Weaze wurdt sûnt 15 maart gjin sint mear fertsjinne - Foto: Omrop Fryslân

"Door deze crisis staat de sector helemaal stil. Vrouwen gaan daardoor ook nadenken over hun eigen toekomst", fertelt Karin Werkman fan Fier. Tsien fan de froulju hawwe oanjûn dat se graach meidwaan wolle oan it útstapprogramma fan Fier. Foar froulju yn ûnfeilige situaasjes binne by Fier opfangplakken beskikber op in aparte lokaasje. Jobcoaches kinne de froulju stypje by it omsjen nei oar wurk. Troch de akute needsituaasje foar de prostituees sûnder ynkommen falt dat útstappen lykwols noch net ta.

Gjin hier betelje

"Je hoort schrijnende verhalen", seit Werkman. "Tweederde van de vrouwen is moeder en verdient hier ook geld voor de familie thuis. Ook dat ligt nu helemaal stil en zorgt voor psychische problemen." Keamerferhierders hawwe by it begjin fan de lockdown oanjûn dat se de froulju gjin hier freegje sille, salang't der neat fertsjinne wurdt. "Die afspraak gold voor de eerste drie weken. Maar blijven de verhuurders zo 'redelijk' als de situatie langer duurt? Wij maken ons daar zorgen over."

Stipepunt Xenia fan Fier, Leger des Heils en de GGD oan de Weaze - Foto: Omrop Fryslân

De ChristenUnie yn Ljouwert fynt it in minne saak dat troch in ferskil yn regeljouwing de Ljouwerter prostituees folle kwetsberder binne as harren kollega's yn Grins. Wylst yn Grins de measte prostituees wol in útkearing krije kinne omdat se ynskreaun steane by gemeente en Keamer fan Keaphannel, steane de froulju yn Ljouwert mei lege hannen.

"Door deze crisis wordt duidelijk hoe verschrikkelijk kwetsbaar deze groep is", seit riedslid Carlijn Niesink fan de ChristenUnie. "We waren al in gesprek om dat te gaan veranderen, maar dat moet nu ook echt worden geregeld voordat de bordelen weer open gaan."

Daadwerkelijke hulp aan vrouwen die eruit willen stappen moet een kans krijgen.

Carlijn Niesink (CU)

Fier is bliid mei de oprop fan ChristenUnie, CDA en PvdA oan it kabinet om gau wat te regeljen foar de prostituees sûnder inkelde foarm fan ynkommen. "Die voedselbonnen zijn natuurlijk geen echte oplossing", seit Werkman. "Het is een noodmaatregel voor de korte termijn. Niet meer en niet minder." Carlijn Niesink hopet dat it Ryksregear ree is om 'burokratyske regels los te litten', sadat de prostituees net folslein tusken wâl en skip bedarje. "Voedselbonnen passen voor mijn gevoel niet bij onze maatschappij. Daadwerkelijke hulp aan vrouwen die eruit willen stappen moet een kans krijgen."

(advertinsje)
(advertinsje)