Plysje hellet bylden fertochten strjitrôven Koarnjum en Jelsum wer offline

De plysje hat de bylden fan de trije manlju dy't fertocht wurde fan twa strjitrôven yn Koarnjum en Jelsum wer offline helle. De plysje hie de bylden freed dield, mar yntusken witte se de identiteit fan twa fan de trije.
© Plysje
De trije manlju wurde fertocht fan belutsenens by strjitrôven yn jannewaris en febrewaris, wêrby't in 34-jierrige Ljouwerter en in 22-jierrige Jelsumer oerfallen waarden. De fertochten brûkten dêrnei de bankpas dy't se fan de Jelsumer stellen hiene. Dat wie fêstlein op kamera.
Yn deselde saak waard earder al in jonge fan 15 jier út Stiens oanholden. De plysje hat him ferheard. De jonge is wer thús, mar bliuwt fertochte yn de saak.

Gjin oanwizing foar ferbân mei saak-Grijpstra

Yn de buert fan de strjitrôven, yn Koarnjum, waard op 23 febrewaris it lichem fan Karin Grijpstra fûn. It ûndersyk nei har dea rint noch. Neffens de plysje tinke guon bewenners dat der in ferbân is tusken har dea en de strjitrôven. De plysje hat dat ûndersocht, mar hat op it stuit gjin oanwizingen dat der in ferbân is tusken de twa saken.