UPDATE: Stroomsteuring Surhústerfean en Surhuzum foarby

25 apr 2020 - 15:49

Troch in steuring hat in grut part fan Surhústerfean en Surhuzum sa'n in goed oere sûnder stroom sitten. It gong om sa'n 2.000 húshâldens dy't lêst hiene fan de steuring.

Foto: Liander

Netbehearder Liander seit dat it om in 'spontane steuring' gong. De steuring wie om 15:45 oere foar in part ferholpen. In oere letter hiene alle hûzen wer stroom, seit Liander.

(advertinsje)
(advertinsje)