Kariljonkonsert kin altyd trochgean, ek yn dizze coronatiid

25 apr 2020 - 14:00

Beierdier Dirk Donker fan Snits beklimt twa kear yn de wike de trep nei de toer fan de Martinitsjerke. Boppe yn stiet it kariljon op him te wachtsjen. "Wy kinne noch gewoan troch. Ik bin ek organist, dat kin no net fansels, mar it kariljon bespylje kin wol."

Donker is al jierren fêste bespiler fan it kariljon yn Snits. En ek yn in grut tal oare stêden hat er yn it ferline aktyf west. Mar in perioade as dit hat er fansels noch nea meimakke.

"Wy fine it sels as beierdiers wol bysûnder dat wy gewoan troch kinne. En sa'n ynstrumint hat fansels kilometers berik. Hjir om de toer sjogge je gjin minsken, mar myn frou sit bygelyks fierderop yn de tún te lústerjen. En by de apparteminten op de balkons kinne je it allegear noat foar noat hearre."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Hy sjocht mei fernuvering nei de oandacht dy't útgiet nei in pianist dy't spilet foar in lege seal yn it Concertgebouw yn Amsterdam. "Ik ha noait oars dien. Ik sit hjir altyd hielendal allinnich te spyljen en fernim der neat fan oft minsken dernei lústerje of net."

Dochs fynt Donker net dat hy en syn kollega's no echt in bysûndere funksje hawwe yn dizze tiid. Op de fraach oft hy no foar treast soarget, jout er in nuchter antwurd: "Nee, dat fyn ik oerdreaun. Wy spylje gewoan sa't we altyd al diene."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(advertinsje)
(advertinsje)