Ut it Omrop-argyf: dokumintêres oer Twadde Wrâldoarloch

Dit jier fiere we dat Fryslân 75 jier lyn befrijd is. Mei in sobere fiering op 15 april is dêr lêsten by stilstien en yn de oanrin nei 4 en 5 maaie sil der noch wol mear omtinken wêze foar de Twadde Wrâldoarloch. Troch de jierren hinne hat Omrop Fryslân tal fan dokumintêres makke oer ûnderwerpen dy't mei dy oarloch te krijen hawwe. We helje sân peareltsjes út it argyf foar it ljocht.
Herman Zilverberg © Omrop Fryslân

"Ik huil van binnen"

Yn 2002 makke Herman Zilverberg, berne yn 1920 en wenjend yn Drachten, in reis werom nei Auschwitz, it kamp dêr't er yn 1945 in pear moannen finzen west hie.
Hy docht saaklik ferslach fan wat er meimakke hat, wylst er troch it eardere konsintraasjekamp rint. Gûle docht er net by syn oantinkens oan de ferskrikkingen. "Ik huil van binnen", seit er.
Toos en Antje © Omrop Fryslân

"Doe't se fuort soenen, koenen we se net mear misse"

De Limburchske Toos en de Fryske Antje soenen inoar noait kennen leard ha, mar troch de oarloch waarden se bêste freondinnen. Yn 1995 is in portret fan beide froulju makke. Toos kaam as jong famke mei har famylje as evakuee yn 1945 nei wat doe Haulerwyk Beneden (no Waskemar) hiet. "We seagen der bot tsjin oan," seit Antje, "mar doe't se wer fuort soenen, koenen we se net mear misse."
Toos giet by Antje op besite mei Limburchske flaai en wat folget, is in oandwaanlike moeting, dêr't beide froulju elk yn har eigen taal prate oer wat se mei-inoar belibben.
De Overval © Omrop Fryslân

Achter de skermen by 'De Overval'

De film De Overval út 1962 wie in grut sukses. Wa ken it ferneamde ferhaal net fan it ferset dat op 8 desimber 1944 51 finzenen út de Ljouwerter Blokhúspoarte befrijde?
De dokumintêre 'De kraak de film' út 2003 sjocht achter de skermen by de film, haadrolspilers Piet Römer en Kees Brusse fertelle oer har rol en ek senarioskriuwer Lou de Jong komt oan it wurd.
Fersetsfilm fan Eppie Bultsma © Omrop Fryslân

"Eppie had de contacten"

Eppie Bultsma wie ien fan de belangrike minsken fan it ferset. Hy makke flak nei de befrijing in film oer de perioade dat de NBS (Nederlands Binnenlandse Strijdkrachten) aktyf wie, fan septimber 1944 oant juny 1945, mei aktiviteiten fan it ferset, lykas de Luisterpost, tariedingen op de Overval en de koerierstsjinst.
Nei de oarloch emigrearre er mei syn famylje nei Amearika. Yn 1991 skonk soan Jake de film oan Verzetsmuseum Friesland. "Eppie had de contacten" sei Truus Kuipers oer de filmer. Hy wie in man fan dokumintaasje, it siet yn syn aard om saken fêst te lizzen.
Der Dames Verzet © Omrop Fryslân

Der Dames Verzet

Under de namme 'Der Dames Verzet' is in teäterfoarstelling makke dêr't it ferhaal yn ferteld wurdt fan Esmée van Eeghen, Joop van der Helm (frou fan Krijn van der Helm) en An Jaakke, de frou dy't Esmée ferriede soe.
Yn de dokumintêre út 2003 sjogge we hoe't de trije aktrises ûndersyk dogge foar it stik en hearre we fan minsken dy't Esmée van Eeghen kend hawwe, watfoar frou oft se wie.
Fakânsjehûs De Terrorist © Omrop Fryslân

"Huilen deed je 's nachts in bed"

De Terrorist wie de namme fan in fakânsjehûs op It Amelân, bedoeld foar froulju dy't har man yn de oarloch ferlern hienen. De omboude Dútske bunker wie in sobere akkommodaasje foar de widdowen dêr't se mei de bern hinne koenen.
Nettsjinsteande it dielde fertriet - "Huilen deed je 's nachts in bed" seit ien fan de froulju - joech it ferbliuw ek in soad wille. Yn de dokumintêre út 1999 fertelle trije froulju (en har bern) oer de tiid op it eilân. Ek direktrise 'tante Truus', âld-fersetsstrider, komt oan it wurd.
© Ruurd Rodenburg

De fiifsprong yn Ljouwert

Toskedokter Ruurd Rodenburg seach út op de fiifsprong, in rotonde by de P.J. Troelstrawei. Stikem troch de gerdinen filme er út syn boppewenning wat er op strjitte seach; kloften minsken ûnderweis nei it fleanfjild om dêr te wurkjen, mar ek it opheljen fan de Joadske famylje De Jong troch de Dútsers.
Yn de dokumintêre út 1995 fertelle twa buertbewenners, jonkjes doe, hoe't sy de tiid belibben en in oare buertbewenner fertelt oer syn lidmaatskip fan de Dútske Jeugdstorm.
Geart de Vries fertelt oer de dokumintêres De fiifsprong en de fersetsfilm fan Eppie Bultsma
Sjoch foar mear programma's út it rike Omrop-argyf op www.weromrop.nl. By it tema '75 jier befrijding' steane noch mear programma's dy't ûnder dat tema falle.