'Dit nooit weer': boek mei persoanlike oarlochsferhalen

Doe't se foar har staazje buddy wie fan in âlde frou en der achter kaam dat dizze frou in oarlochstrauma hie, wist Geartsje Pols it seker: de ferhalen fan de minsken dy't de oarloch meimakke ha moatte fêstlein wurde. De 26-jierrige ynwenster fan Baaium skreau it ferhaal op en wie djip ûnder de yndruk. It wie it earste ferhaal fan úteinlik 22 dy't fêstlein binne yn it boek 'Dit nooit weer'.
Geartsje Pols, skriuwster fan it boek 'Dit nooit weer' © eigen foto
It binne allegear ferhalen fan gewoane minsken dy't it nedige meimakke ha. In soad fan harren fernimme noch alle dagen de gefolgen fan de Twadde Wrâldoarloch. Sa as frou Van Lopen, in namme dy't Geartsje optocht hat omdat de frou sels net bekend wurde wol.
Se wie in bern fan NSB-âlders en draacht dat har hiele libben mei. Se hat eins nea in eigen libben liede kinne. Se wie net skuldich, mar krige wol de straf. "Fan har ferhaal bin ik wolris skreauwend fan de nachtmerje dêr't ik yn siet, wekker wurden" fertelt Geartsje. "It rekke my hiel djip, ik ha ek wolris tocht dat ik hjir mei ophâlde moast omdat it tefolle foar my wie."
Geartsje Pols mei 'pake' Foppe Dupon © eigen foto

Foppe Dupon

Fia fia kaam Geartsje Pols yn kontakt mei Foppe Dupon fan Garyp. Dupon siet yn kamp Amersfoort ûnder de Dútske beul Joseph Kotälla en oerlibbe in bombardemint yn Augsburg. Earder wie er al slachtoffer wurden fan sjitterij by in razzia. Hy krige fjouwer kûgels yn syn liif. Tsjin alle ferwachtings yn oerlibbet er it.
Mei Dupon hie Geartsje Pols in djippe bân. "Ik neamde him ek pake Foppe, hy rekke my sá. De man is ien en al leafde, hy wie myn grutte ynspirator."
Geartsje Pols
In wiidweidich ynterview mei Geartsje Pols mei dêryn ek fragminten foarlêzen út har boek is te hearren yn Buro de Vries fan snein 26 april.