Folkshegeskoalle op Skylge yn de problemen troch coronakrisis

25 apr 2020 - 12:35

Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge sit yn de problemen. Troch de coronakrisis binne alle aktiviteiten op de skoalle op de lange baan skood en binne de ynkomsten opdrûge. De direksje wol no mei in strippekaart ekstra jild besykje binnen te heljen.

Foto: Folkshegeskoalle Schylgeralân

De Folkshegeskoalle Schylgeralân docht in berop op de provinsje en de eigen Freonen foar ekstra finansjele stipe. Troch de coronakrisis binne alle eveneminten ôfsein en binne der gjin ynkomsten mear.

De kosten fan it sintrum geane lykwols gewoan troch. Ek in eventuele oardelmeterekonomy is net in oplossing omdat der dan te min gasten yn it hotel ferbliuwe kinne.

"It is lestich, want we passe nergens yn, we binne net echt in skoalle, ek net echt hoareka en ek net in echt kultuersintrum, dus oeral sizze minsken dat we net yn dat hokje passe", fertelt direkteur Amarins Geveke. "We komme wol foar de NOW-regeling yn oanmerking. Us hoop leit no by de provinsje, dat dy ús stypje wol. Earder ha we noait subsydzje krigen, dus se meie it no allegear wol yn ien kear oermeitsje."

Se hat tongersdei in nijsbrief nei de gasten stjoerd mei de fraach oft se stypje wolle. "Minsken kinne Freon wurde foar 15 euro yn it jier of in strippekaart tusken de 50 of 500 euro. Dan kinne se in tegoedbon krije foar in kursus of in oernachting, en 25 prosint hâlde we dan foar de Folkshegeskoalle." Dêr is al aardich wat reaksje op kaam. "It rint lekker, dêr binne we grutsk op en tankber foar."

De oardelmeterekonomy is net echt in opsje. "We binne ynrjochte op groepen, hawwe 100 bêden yn sliepsealen. It is de fraach oft in nije bedriuwsfoarm noch op tiid komt of dat we dizze striid ferlieze."

Direkteur Amarins Geveke

(advertinsje)
(advertinsje)