Ferskate sportferienings binne klear foar sportende jeugd

25 apr 2020 - 11:45

Sportferienings rûnom yn de provinsje riede har ta om trainingen foar de jeugd wer op te starten. Fan 29 april ôf mei de jeugd oant en mei 18 jier wer sporte yn de bûtenloft. Binnensport bliuwt foarearst noch ferbean. Neffens it ministearje fan Folkssûnens binne dêr de risiko's op fersprieding noch te grut.

Keatse en fuotbalje? Dat kin; karate wurdt dreger:

By keatsferiening Jan Bogtstra yn Frjentsjer sjogge mei smart út nei de 29ste. "Ja, de jeugd stiet te popeljen en wy as bestjoerders ek", seit foarsitter Ludwig Seerden. "Wy wolle de jeugd hjir graach wer oan it sporten sjen op it Sjûkelân."

De hillige grûn yn Frjentsjer moat dan noch wol wat wetter ha. Troch it waar fan de ôfrûne wiken is it fjild aardich útdrûge. Mei in wetterkanon wurdt no besocht it fjild wer klear te krijen.

Seerden wol net allinnich de eigen leden wer keatse litte: "Ik sjoch ek wol dat wy in rol ferfolje kinne foar oare bern. Dus as in soarte fan bûtenskoalske aktiviteit om de bern dochs oan it bewegen te krijen."

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Gat yn de loft

Yn Warkum sit it stek fan de fuotbalfjilden op slot. Jeugdbestjoerslid Hiddo Visser moat eefkes sykje om de goede kaai. "We ha hjir krekt in nij fjild krigen foar de pupillen. Dat leit der goed by."

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Mar ek yn Warkum sjogge je de effekten fan de drûchte: "Mar ús eigen jeugd helpt goed mei om it fjild wer goed yn kondysje te krijen. Sa helpe se mei it fersjouwen fan de buizen foar it wetterkanon."

It jout oan hoe graach oft de jeugd ek dêr wer sporte wol. Visser: "Doe't ik it nijs hearde fan 'e wike, doe ha ik wol in gat yn de loft sprongen. As bestjoerslid mar ek as heit fan twa jonge fanatike fuotballers." Fuortendaliks gie it los yn de ferskate appgroepen: "It jout oan dat it libbet en se hiel graach wer oan de slach wolle."

Lyntsje ekstra yn it perk

Jonge bern oant en mei 12 jier meie frijút traine. Premier Rutte sei ôfrûne tiisdei by syn parsekonferinsje al dat social distancing by dy groep gjin doel hat. Dat is oars foar de leeftiidsgroep oant en mei 18 jier.

Seerden: "Sjoch, by keatsen hoecht dat gjin probleem te wêzen. Op de achterline moatte je de bal net oerjaan, mar sels oppakke. Yn it perk kinne je by wize fan sprekken in line lizze dêr't de achterynse net oerhinne mei."

By it fuotbal leit dat oars, seit Visser: "It is dochs ek wol in kontaktsport, mei in tackle of mei koppe yn in drok doelgebiet. Je moatte dan je trainingen oanpasse. Mear op kondysje en technyk."

Hâld rekken mei trainers

Ien fan de saken dêr't al rekken mei holden wurde moat, is de trainers. "Sy moatte wol wolle fansels", seit Seerden. "We ha it se frege en de measten binne entûsjast. Mar ik begryp it ek as der guon binne dy't sizze dat se net wolle."

Dat jildt ek foar VV Warkum. Visser: "Hjir binne de measten ek hiel bliid dat se wer oan de slach kinne, mar ek wy ha in oantal dy't dochs wat twivels ha. Dêr moatte je gewoan goed rekken mei hâlde."

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Net eltsenien docht oan fuotbal

Yn Ljouwert bliuwt de dojo fan High Five Tang Soo Do, Koreaansk karate, foarearst noch ticht. "Ja, wij mogen nog niet. Dat vind ik echt heel erg jammer. Ik weet dat onze pupillen graag weer willen beginnen met trainen." Boppedat, sa seit Van der Spek, binne der mear sporten as fuotbal: "Niet iedereen doet aan teamsport. Er zijn er genoeg die individueel sporten."

It bliuwt oan de iene kant ek nuver dat dit soarte fan sportlokaasjes tichtbliuwe moatte. Bern meie wol mei-inoar yn in skoallokaal sitte, mar binnen sporte mei net. In wurdfierder fan it ministearje is dêr dúdlik oer: "In een sporthal, of een dojo in dit geval, blijft lichaamsvocht langer hangen. Dan is de kans op besmetting weer groter. Buiten verwaait dat en is er minder risico."

Van der Spek tinkt der dan ek serieus oer nei om de trainingen bûten te jaan: "Op een grasveld kunnen wij de meeste oefeningen en dan vooral loopvormen, goed doen."

Der is allinnich ien probleem: "Ja, het weer. Het gaat om continuïteit van lessen. Dus het kan niet zo zijn dat we dan een avond niets kunnen doen." Ek foar de dojo sels sjocht Van der Spek mooglikheden. De romte is 10 by 10 meter: "Dan kun je makkelijk acht kinderen kwijt die op anderhalve meter afstand van elkaar trainen. De ouders hoeven niet naar binnen. Gewoon voor de deur afzetten, handen wassen en trainen."

Hy hopet dan ek dat de mooglikheden gau ferromme wurde troch it kabinet: "Ik wil gewoon niet dat kinderen stil blijven zitten. Dat ze niets doen terwijl wij hier met hun heerlijk kunnen trainen."

(advertinsje)
(advertinsje)