Omrop TIP: diel 2 fan Underdûkt yn Fryslân

25 apr 2020 - 11:00

Under lieding fan haad-belestingynspekteur Jan Evenhuis sette it personiel fan de Fryske belestingkantoaren miljoenen gûnen troch nei it ferset. Dat jild waard brûkt foar de help oan ûnderdûkers. In opfallende fersetsaksje yn de Nederlânske oarlochsskiednis, dy't Jan Evenhuis en oare fersetsminsken úteinlik mei de dea bekeapje moasten.

Yn de Twadde Wrâldoarloch fûnen tûzenen minsken by Fryske famyljes in feilich hinnekommen: Joaden, alliearde piloaten, fersetsminsken en manlju dy't wegeren om yn Dútslan oan it wurk te moatten yn de 'Arbeitseinsatz'.

De Fryslân DOK-searje 'Underdûkt yn Fryslan' fan Gerard van der Veer fertelt de ferhalen fan de organisearre help oan ûnderdûkers yn Fryslân.

Tsiispakhûs, Skrâns Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Yn de earste helte fan de oarloch wie der yn Fryslân noch neat organisearre. Mar nei in besite fan predikant Frits Slomp út de Achterhoek waard yn 1943 ek yn Fryslân in organisaasje op tou set: de L.O., de Landelijke Organisatie voor Hulp aan Onderduikers. Fanút Dokkum, Stiens, Ljouwert, Drachten en De Jouwer wurdt de L.O. oanstjoerd.

Hans Groeneweg, âld-direkteur fan it Fersetsmuseum: "Op vrijdag kwam de organisatie bij elkaar in Leeuwarden. Het is dan marktdag en druk in de stad, dus dan valt het niet zo op als mensen bij elkaar zitten. Maar deze mensen van de L.O. spraken niet over markthandel, maar over het onderbrengen van onderduikers."

Yn it lêst fan de oarloch waard yn it tsiispakhûs yn Ljouwert de administraasje ûnderbrocht.

Sjoerd Wiersma yn 1970 - Foto: Omrop Fryslân

Sjoerd Wiersma en Uilke Boonstra fan De Jouwer hiene fierwei it grutste distrikt fan de L.O. ûnder harren: de hiele súdwesthoeke fan de Ofslútdyk oant de súdeasthoeke fan de provinsje.

Yn in telefyzje-ynterview ut 1970 seit Sjoerd Wiersma: "Eerst was je bang, maar het duurde niet lang of je raakte die angst kwijt. Ik ging eens naar een boer met een grote boerderij, er was genoeg plek voor onderduikers. Hij wilde niet. Maar toen we gepraat hadden, zei hij: 'Ik ben doodsbang. Maar u moet er maar een paar brengen, want het kán toch niet anders.' Kijk, dat moesten we hebben."

Jetty Leffring-Stouwer - Foto: Omrop Fryslân

Yn diel twa fan 'Underdûkt yn Fryslan' ek it ferhaal fan Jetty Leffring-Stouwer. Sy waard troch Sjoerd Wiersma út Amsterdam helle doe't se in lytse poppe wie fan seis moanne âld. Har mem Roosje woe net mei.

Jetty: "Wêrom, dat hat altyd in riedsel foar my west. Sjoerd gong nei De Jouwer werom en naam allinnich my mei. Mar it wie him min nei it sin, want hy hie foar Roosje ek in ûnderdûkplak. De oare deis gie hy nei Amsterdam werom om har dochs op te heljen. Mar doe hie der in razzia west. Hy wie te let."

Bonnekaarten út de oarloch - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)